Sachalinreidimerke
Sachalinreidimerke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Helopsaltes amnicola | ||||||||||||
Stepanjan, 1972 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() wintergast |
It Sachalinreidimerke (Helopsaltes amnicola, synonym: Locustella amnicola) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae) út it skaai imerkesjongers (Helopsaltes).
Oant 2018 wie de fûgel yndield yn it skaai strûksjongers (Locustella). In yn 2018 publisearre molekulêr fylogenetyske stúdzje fan 'e famylje fan 'e imerkesjongerfûgels wiisde út dat it skaai Locustella út twa klades bestie. Mei fiif oare soarten ferhûze it Sachalinreidimerke nei it nije skaai Helopsaltes.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is de grutste fan 'e reidimerkes en is hast like grut as de reidklyster. In folwoeksen fûgel hat in effen, oliifbrune rêch, in effen griis boarst en in feal ûnderbealchje.
De fûgel is dreech te ûnderskieden fan 'e grutte snilekrûper, mar it Sachalinreidimerke is trochstrings waarmer fan kleur en hat faaks in wat fealer boarst.[1]
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse moskeftige fûgel briedt op it eilân Sachalin, de súdlike Kurilen en Hokkaido. Hy oerwinteret yn eastlik Yndoneezje, op it eilân Mindanao yn 'e súdlike Filipinen en teffens yn East-Timor en súdwestlik Papoea Nij-Guineä. Syn biotoop is it leechlân en de kustkrite. It nêst wurdt yn strewellen en bosk boud.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oannommen wurdt dat de soarte net te lijen hat fan grutte feroaringen yn syn leefgebiet. Alhoewol't der gjin rûzings binne oer de oantallen fan 'e populaasje, wurdt der oannommen dat dy stabyl is. De fûgel wurdt dêrom troch de IUCN as net bedrige klassifisearre (2016).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|