Springe nei ynhâld

Sabrina (aktrise)

Ut Wikipedy
Sabrina (aktrise)
akteur
Sabrina yn 1962
Sabrina yn 1962
persoanlike bysûnderheden
echte nammeNorma Ann Sykes
nasjonaliteit Britsk
berne19 maaie 1936
berteplakStockport, Cheshire
stoarn24 novimber 2016 (80 jier)
stjerplakLos Angeles, Kalifornje
jierren aktyf1954-1969
offisjele webside
nylon.net/sabrina
IMDb-profyl

Sabrina, wiere namme Norma Ann Sykes (19 maaie 1936 - 24 novimber 2016) wie in Ingelsk glamourmodel, aktrise en sjongster. De platinablûne Sabrina waard benammen ferneamd om har yndrukwekkende figuer mei mjitten fan 104-55-91. Neffens filmstúdzje-akademikus Pam Cook yn British Stars and Stardom, wie Sabrina ien fan "in mannichte eksoatyske, glamoureuze (Britske) stjerkes ... modellearre nei Marilyn Monroe, Jayne Mansfield en Lana Turner." [1]

Adrian Bingham en Martin Conboy stelle lykwols dat Sykes mooglik it earste foarbyld wie fan it moderne 'glamourmodel' yn 'e Britske kontekst, fanwegen de hieltyd mear seksualisearre ynhâld fan 'e media yn 'e jierren 1950 en harren honger nei glamour. Oars as Amerikaanske stjerren, wolle se hawwe, wie Sykes "allinich ferneamd om har uterlik en net om har aktear-, dûns- of sjongfeardigens", en waard se troch de media holpen om ien fan 'e grutste stjerren fan 'e jierren 1950 te wurden. [2]

Norma Ann Sykes har jonkheid wie rêstich en sûnder perblemen. Doe't se 16 jier wie ferhuze se nei Londen, dêr't se wurke as servearster en út en troch neakenmodellewurk die; se posearre foar Russell Gay[9] yn in fotoshoot dy't late ta har ferskining op 'e skoppenfiif yn in pak neakene spylkaarten. [3]
Yn dy tiid socht tf-produsint Bill Ward in moaie jonge frou om assistint te wurden foar Arthur Askey syn telefyzjeshow Before Your Very Eyes. Hy ûntduts wat foto's fan Sykes en keas har foar de rol út 23 oare sollisitanten. Sy naam de artystenamme Sabrina oan en waard fuortendaliks in sensaasje as de "dom blondsje" neist Askey. Sabrina ferskynde op 'e omslaggen fan ferskate foto- en glossy tydskriften, lykas Picture Post, doe it tydskrift mei de heechste oplage yn syn soarte, en waard in populêre mediastjer. Se ferskynde yn ferskate tillefyzjeproduksjes en naam ek filmrollen oan fan 1955 ôf. Se waard ek geregeld frege as show- en revustjer.

Yn snuorje ferskynden de earste artikels en foto's yn 'e Feriene Steaten, dêr't de parse har fierde as in nije "sekssensaasje" út Ingelân. Isolearre singles, lykas "Persuade Me", dy't se yn 1957 mei Tony Osborne & His Orchestra opnaam, litte sjen dat Sabrina ek in goede sjongstim hie.

Se waard troch de Britske tabloids as in sekssymboal beskôge as in rivaal fan Diana Dors, mar berikte nea itselde nivo fan populariteit.

Doe't har bekendheid yn Ingelân like te ferdwinen, begûn se oan in sjongtoernee troch de Feriene Steaten, dêr't se ferskate romantyske relaasjes hie, dêr't Sean Connery, Frank Sinatra en Johnnie Ray ûnder wiene. Har lêste grutte filmrol wie yn 'e horrorfilm The Ice House út 1969. Se waard cast as ferfanging foar Jayne Mansfield, dy't yn 1967 ferstoarn wie. Yn 1967 troude se mei Dr. Harold Melsheimer, in plastysk sjirurch út Los Angeles. It houlik duorre tsien jier. Sabrina wenne yn har lettere jierren yn Hollywood.

Filmografy (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1955: Stock Car
  • 1956: Ramsbottom Rides Again
  • 1957: Just My Luck
  • 1959: Make Mine a Million
  • 1962: Satan in High Heels
  • 1969: The Ice House

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cook, Pam, British Stars and Stardom. Manchester University Press (2001), "The Trouble with Sex: Diana Dors and the Blonde Bombshell Phenomenon", 167–178.
  2. Bingham, Adrian, Conboy, Martin , Tabloid Century: The Popular Press in Britain, 1896 to the present, 1st. Peter Lang Ltd, Oxford, United Kingdom (2015), pp. 147. ISBN 978-1-906165-32-1.
  3. The Sabrina Naughty Nudie Cards. Encyclopedia Sabrina. Oproppen op 30 January 2017.