Springe nei ynhâld

Saasveld

Ut Wikipedy
Saasveld
Sint-Plechelmustsjerke
Sint-Plechelmustsjerke
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Oerisel
GemeenteDinkellân
Sifers
Ynwennertal1.685 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak22,12 km²,
dêrfan lân 22,05 km²
dêrfan wetter 0,07 km²
Offisjele webside
saasveld-online.nl
Kaart
Saasveld (Oerisel)
Saasveld
Lizzing fan Saasveld yn Oerisel
Kaart
Sint-Plechelmustsjerke
Lokaasje fan Saasveld yn 'e gemeente Dinkellân

Saasveld (Nedersaksysk: Soasel) is in tsjerkedoarp yn 'e Twintske gemeente Dinkellân yn 'e provinsje Oerisel. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2001 makke it doarp diel út fan 'e gemeente Weerselo. Saasveld hat 1.685 ynwenners.(1 jannewaris 2023)

Hûs Saasveld.

It doarp is ûntstien by it kastiel Saterslo (Hûs Saasveld). Dat midsiuwske kastiel waard yn 1817 ôfbrutsen. Allinnich de grêft dy't de tsjerke omfiemet docht noch tinken oan it eardere kastiel.

Nei de ôfbraak fan it kastiel waard op dat plak de roomsk-katolike Sint-Plechelmustsjerke boud. It hjoeddeiske tsjerkegebou is de tredde stiennen tsjerke sûnt 1820 en waard ûntwurpen troch de Amersfoartse arsjitekt Herman Kroes en yn 1926 yn gebrûk nommen. De 43 brânskildere ramen foar de tsjerke, de pastorije en de aula waarden yn in tiidrek fan tritich jier makke troch de Oldenzaalske glêsker Jan Schoenaker.

Yn 2016 twong de aartsbiskop fan Utert, kardinaal Eijk, twa kear in boeteritus ôf fan 'e Sint-Plechelmusparochy, om't de tsjerke ûnweardich brûkt wie foar oare doelen as de earetsjinst, nammentlik foar muzyk- en teäterfoarstellingen.

Yn 'e omkriten fan Saasveld stiet noch in wynmûne dy't yn gebrûk is, de Saasveldermûne út 1870. De mûne waard yn 1978 restaurearre.

Saasveld is yn 'e regio wat bekend wurden troch it stapperssintrum Bruins, dat al tsientallen jierren midden yn it doarp leit en in mannichte besikers lûkt dy't folle grutter is as it oantal ynwenners fan it doarp.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Sintraal Buro foar de Statistyk

Dinkellân
Stêd:
Oatmarsum
Doarpen:
Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo
Buorskippen:
Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke
Wetter:
Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek
· · Berjocht bewurkje