Springe nei ynhâld

S O S

Ut Wikipedy
Morsesinjaal SOS

S_O_S is it ynternasjonale needsinjaal yn it Morse-alfabet.

It waard "• • • – – - • • •" om't it maklik wie foar in telegraafist om dat sinjaal wer te kennen, sels mei lûd op 'e line. "SOS" is allinnich in beskriuwing fan it sinjaal. It wurdt dêrom strikt naam skrean as SOS, dêr't it boppestreekje by oanjout at it tegearre mar ien teken is. At it net mooglik is en skriuw in boppestreekje, dan kin ek in ûnderstreekje tsjinje (SOS), dat goed benei te kommen is troch S_O_S te skriuwen.

Dat it sinjaal is in searje fan njoggen toanen dy't as ien lang teken stjoerd wurdt. It binne gjin trije letters; it wie oarspronklik gjin ôfkoarting, allinne mar in gaadlik sinjaal om in needsitewaasje oan te jaan. Trochdat deselde toanen ek de letters SOS werjoegen, waarden letter de betsjuttings "Save Our Souls", "Save Our Saucepans", "Save Our Ship", of "Send Our Savior" optocht foar in sinjaaal dat der al wie.

Yn 1906 ferfong SOS CQD as it ynternasjonale needsinjaal. It oerienkommende needsinjaal yn radiotelefony is Mayday.