Vitesse Arnhim, offisjeel Stichting Betaald Voetbal (SBV)-Arnhim en algemien bekend as Vitesse, is in earder Nederlânske betelle fuotbalklup út Arnhim. De klup is oprjochte op 14 maaie1892. De klup koe syn bêste perioades fan 1990 o/m 2002 en fan 2010 o/m 2022. Yn 2017 wûnen de Arnhemmers de KNVB-beker. Fan 1915 o/m 1950 wie Monnikenhuize, it stadion fan Vitesse, fan 1950 oan 1998 spile Vitesse op Nieuw-Monnikenhuize, Sûnt 1998 is stadion GelreDome de thúshaven fan Vitesse, dat plak biedt oan goed 21.000 taskôgers.
De tradisjonele útrissing fan Vitesse bestiet út in fertikaal streekje giel-swart shirt, basearre op de kleuren fan de provinsje Gelderlân en op it wapenskyld fan de famylje fan Van Pallandt.
Yn 2022 rekke Vitesse yn finansjele malêze, op 11 july2025 waard de proflisinsje fan Vitesse troch de KNVB ynlutsen. Dat betsjutte dat de klup net mear yn de betelle fuotbaldifyzjes útkomme mei.