Springe nei ynhâld

Sûndaneeske dowen

Ut Wikipedy
Sûndaneeske dowen
Turacoena manadensis
Turacoena manadensis
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:do-eftigen (Columbiformes)
famylje:dowen (Columbidae)
skaaiSûndaneeske dowen (Turacoena)
Bonaparte, 1854
Soarten
Turacoena manadensis
Turacoena modesta
Turacoena sulaensis

Sûndaneeske dowen (Turacoena) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae).

De wittenskiplike namme fan it skaai waard foar it earst yn 1854 troch de Frânske natuerûndersiker Charles Lucien Bonaparte yntrodusearre. De typesoarte is de Sûndaneeske wytkopdo (Turacoena manadensis). De namme Turacoena is in kombinaasje fan 'e skaainamme Turacus, in groep kleurrike fûgels út Afrika, en it suffiks -ena. De oarsprong fan 'e namme komt dus om't de soarte wat Toerako’s tinken docht (bygelyks de sturtfoarm of it kopprofyl).

Yn it Ingelsk wurde de fûgels ek Cuckoo-dove neamd, wat der op delkomt dat se net allinnich op toerako's lykje mar ek wat fan koekoekfûgels (Cuculidae) hawwe.

De wurde trije soarten yn it skaai erkend. De Sûla-wytkopdo (Turacoena sulaensis) waard earder as in ûndersoarte fan 'e Sûndaneeske wytkopdo (Turacoena manadensis) behannele.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeIUCN Status/trend
Griisbrune SûndadoTuracoena modestahast bedrige (NT)
[1]
Sûla-wytkopdoTuracoena sulaensisnet bedrige (LC)
[2]
Sûndaneeske wytkopdoTuracoena manadensisnet bedrige (LC)
[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: