Springe nei ynhâld

Sûndaloaihoarskat

Ut Wikipedy
Sûndaloaihoarskat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaailoaihoarskatten (Prionailurus)
soarte
Prionailurus javanensis
Desmarest, 1816
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De Sûndaloaihoarskat (wittenskiplike namme: Prionailurus javanensis) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus). Dit bist komt foar op 'e Grutte Sûnda-eilannen yn 'e Yndyske Arsjipel. It waard lang beskôge as in ûndersoarte fan 'e Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis), dy't op it fêstelân fan Aazje libbet, mar genetysk ûndersyk hat útwiisd dat it in selsstannige soarte is, en sûnt 2017 wurdt it dêrom offisjeel as sadanich erkend. De Sûndaloaihoarskat libbet in fierhinne solitêr bestean yn tropyske reinwâlden. It is in nachtdier mei in karnivoar dieet. De IUCN hat dizze nije soarte (anno 2025) noch net beoardiele.

De Sûndaloaihoarskat waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1816 troch de Frânske soölooch Anselme Gaëtan Desmarest. Hy basearre him dêrby op in spesimen dat ôfkomstich wie fan Java en joech it bist dêrom de wittenskiplike namme Felis javanensis. Felis is tsjintwurdich it skaai fan 'e wylde katten; it skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus) waard pas yn 1858 yntrodusearre troch de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov.

Mear as oardel iuw waard de Sûndaloaihoarskat beskôge as in ûndersoarte fan 'e Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis), dy't op it fêstelân fan Súdeast-, East- en Súd-Aazje foarkomt. In molekulêre analyze fan meunsters fan 39 loaihoarskatten út it hiele ferspriedingsgebiet brocht yn 2006 lykwols oan it ljocht dat de soarte bestie út trije dúdlike faninoar ûnderskate kladen: in noardlikenien en twa súdliken. Ien fan 'e súdlike kladen, dy't de bisten yn 'e Yndyske Arsjipel omfette, stie genetysk sjoen op grutte ôfstân fan 'e oare beide. Op basis fan dat ûndersyk waard yn 2017 besletten om 'e Bingaalske loaihoarskat op te spjalten yn twa selsstannige soarten: de Bingaalske loaihoarskat op it fêstelân fan Aazje en de eilannen fan East-Aazje (Hainan, Taiwan), en de Sûndaloaihoarskat op 'e eilannen yn it westlike part fan 'e Yndyske Arsjipel.

In Sûndaloaihoarskat.

De Sûndaloaihoarskat komt foar yn it westlike part fan 'e Yndyske Arsjipel, dêr't it ferspriedingsgebiet benammen de Grutte Sûnda-eilannen omfettet (dêrfandinne de namme fan it bist). De Sûndaloaihoarskat libbet yn Yndoneezje op Sumatra, Simeuleu foar de westkust fan Sumatra, Java, en Baly yn 'e Lytse Sûnda-eilannen beëasten Java. Op Borneo komt dit bist sawol yn it Yndonezyske diel (Kalimantan) foar, as yn it Maleizyske diel en it ûnôfhinklike sultanaat Brûnei. Yn 'e súdwestlike Filipinen libbet de Sûndaloaihoarskat ek op 'e eilannen Palawan, Busuanga, Cebu, Panay en yn 'e westlike helte fan Negros.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sûndaloaihoarskat is in lytse kateftige mei in grutte dy't ferlykber of yn guon gefallen justjes lytser is as dy fan 'e gewoane hûskat (Felis catus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 381/2–66 sm, mei in sturtlingte fan 151/2–33 sm en in gewicht fan 550 g oant 3,8 kg. De earen binne rûner, de kop platter en de snút koarter en smeller as dy fan 'e hûskat. It is in rank bist mei, yn ferhâlding ta de lichemsgrutte, lange skonken. Tusken de teannen sitte dúdlike swimfluezzen.

De pels hat op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke, rêch, siden, sturt en de bûtenkant fan 'e poaten) in fariabele grûnkleur, dy't op Java, Baly en Palawan grizich is of soms bêzje, mar op Sumatra, Borneo en Negros in dûnkerder oker. Dêroerhinne leit in patroan fan dûnkerbrune oant swarte stippen of spikkels, dy't lykwols net oan 'e ûnderkant fan it liif ta komme. De ûnderste lichemsdielen (kin, snút, wangen, kiel, boarst, bealch en binnenkant fan 'e poaten) binne witich. It gesicht is markearre mei twa opfallende swarte streken dy't fan 'e eagen nei de earen rinne, en twa wite streken fan 'e eagen nei de noas. Op 'e efterkant fan 'e earen sit yn 'e midden in wyt plak.

In Sûndaloaihoarskat.

It natuerlike biotoop fan Sûndaloaihoarskatten is leechlein tropysk reinwâld, mar dit bist hat him ek oanpast oan it libjen yn kultuerlânskippen dy't genôch beskûl jaande opgeande fegetaasje hawwe, lykas plantaazjes dêr't rubber, palmoalje of sûkerreid ferboud wurdt. Yn westlik Java binne Sûndaloaihoarskatten oerdeis by it rêsten waarnommen deunby delsettings, wat suggerearret dat se har net gau út har wengebiet ferjeie litte troch minsklike aktiviteiten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûndaloaihoarskatten dy't tusken 2008 en 2018 mei kamerafâlen yn Kalimantan fotografearre waarden, wiene foar it meastepart nachtdieren mei aktiviteitspatroanen dy't oerlapen mei dy fan 'e besibbe platkopkatten (Prionailurus planiceps) yn itselde gebiet. Sûndaloaihoarskatten dy't observearre waarden op in palmoaljeplantaazje yn Kalimantan wiene aktyf fan 'e lette middei oant de iere moarn, en rêsten it grutste part fan 'e ljochtskyndei yn in beskûle plak op 'e grûn.

De Sûndaloaihoarskat is in solitêr libjend bist, dat inkeld foar de fuortplanting it selskip fan soartgenoaten opsiket. It is in goede klimmer, dy't op jacht yn 'e beammen waarnommen is oant in hichte fan 4 m boppe de wâldflier. Sawol mantsjes as wyfkes hawwe in territoarium. Dat fan it mantsje is grutter as dat fan it wyfke, mei yn trochsneed in oerflak fan 3,5 km², wylst dat fan it wyfke mar 2,1 km² mjit.

De Sûndaloaihoarskat hat gjin fêste peartiid, mar kin him yn it tropysk klimaat fan syn ferspriedingsgebiet it hiele jier rûn fuortplantsje. It wyfke is dêrby 5–9 dagen efterinoar maartsk. Nei de pearing hat it mantsje fierders neat mear mei it fuortplantingsproses út te stean. De draachtiid duorret 60–70 dagen, wêrnei't it wyfke op in beskut plak in nêst fan 2–3 jongen smyt. Dy wurde blyn en helpleas berne en binne folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de mem. Mei 4 wiken wurde se ôfwûn. Se berikke geslachtsripens op 'e leeftyd fan likernôch 1 jier. Yn finzenskip bedraacht de maksimale libbensferwachting fan 'e Sûndaloaihoarskat sa'n 13 jier.

In Sûndaloaihoarskat yn in beam.

De Sûndaloaihoarskat is in karnivoar, dy't benammen jacht makket op lytse sûchdieren lykas kjifdieren, mar ek op hagedissen, lytse fûgels, lytse slangen, kikkerts en krobben. De wichtichste proaidieren binne de hûsmûs (Mus musculus), de Polynezyske rôt (Rattus exulans), de rysfjildrôt (Rattus argentiventer), de Aziatyske swarte rôt (Rattus tanezumi), Whiteheads radjarôt (Maxomys whiteheadi), de dûnkersturtwytbúkrôt (Niviventer cremoriventer), de langsturtreuzerôt (Leopoldamys sabanus), ferskate soarten gekko's en ferskate soarten sjongfûgels.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Sûndaloaihoarskat binne beskate grutte soarten rôffûgels en ûlen. Utslutend op Sumatra foarmet ek de tiger (Panthera tigris) in bedriging (dy't yn 'e rest fan it ferspriedingsgebiet fan 'e Sûndaloaihoarskat net mear foarkomt). Jongen binne kwetsber foar mear rôfdieren, lykas martereftigen en grutte slangen.

De Sûndaloaihoarskat wurdt pas sûnt 2017 as selsstannige soarte erkend en is sadwaande noch net op status beoardiele troch de IUCN. Dit bist skynt noch rûnom foar te kommen yn syn grutte ferspriedingsgebiet, hoewol't de populaasje in delgeande trend liket te fertoanen. Bedrigings binne habitatferlies troch de oangeande ûntbosking, fral op Sumatra en Borneo, en teffens weifangen út it wyld foar de hannel yn yllegale húsdieren.

In Sûndaloaihoarskat kipet tusken de planten troch op Borneo.

Foarhinne waarden der 5 ûndersoarten erkend fan 'e Sûndaloaihoarskat (Prionailurus javanensis):

Yn 2017 brocht in fylogeografysk ûndersyk lykwols oan it ljocht dat de populaasje fan 'e Sûndaloaihoarskat yn it Mid-Pleistoseen útinoarfallen is yn twa ûndersoarten: ien op Java en ien op Borneo. De populaasje op Borneo hat him nei alle gedachten nei de Tobafulkaanútbarsting, doe't dy eilannen ûnder de Let-Pleistosene glasiaal troch lânbrêgen mei-inoar ferbûn wiene, ferspraat nei Sumatra en Palawan. Mei't Sûndaloaihoarskatten op Negros, Cebu en Panay mar in hiel lyts bytsje genetyske fariaasje toane, soe it skoan kinne dat de populaasjes dêre fuortkomme út eksimplaren dy't dêr yn 'e prehistoarje troch de minske fan Palawan ôf yntrodusearre binne, wierskynlik as ûngediertebestriders. Op basis fan dizze útkomsten wurde sûnt 2017 noch mar twa ûndersoarten fan 'e Sûndaloaihoarskat erkend:

  • de Javaanske loaihoarskat (P. j. javanensis Desmarest, 1816) (op Java)
  • de Sumatraanske loaihoarskat (P. j. sumatranus Horsfield, 1821) (op Borneo, Sumatra, Palawan, Negros, Cebu en Panay)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.