Sûla-eilannen
| Sûla-eilannen | ||
| geografy | ||
| lokaasje | Grutte Oseaan | |
| lân | ||
| provinsje | ||
| koördinaten | 1°50'S 125°18'E | |
| algemien | ||
| haadstêd | Sanana | |
| ynwennertal | ± 170.000 (2024) | |
| sifers | ||
| oerflak | 4.555,11 km² (lân) | |
| heechste punt | 1.649 m m | |
| kaart | ||
De Sûla-eilannen (of de Sûla-arsjipel) foarmje in eilannegroep yn Yndoneezje. De eilannen lizze yn it eastlike diel fan Yndoneezje yn 'e provinsje Noard-Molukken (Maluku Utara). Se lizze tusken it eilân Selebes en de Molukken yn 'e Bandasee.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste eilannen binne Mangole, Sanana (of Sûlabezy) en Taliabû. Taliabû is it grutste eilân en waard yn 2013 in apart regintskip (kabupaten).
It gebiet is bercheftich mei reinwâlden en hat in tropysk klimaat. De eilannen lizze yn in seismysk aktyf gebiet, dus ierdskoddings komme foar. De eilannen wurde omfieme troch koraalriffen en hawwe in rike biodiversiteit, sawol op lân as yn 'e see.
De Sûla-eilannen besteane út twa haadregio's:
- Kabupaten Kepulauan Sula: 105.095 ynwenners (31 desimber 2023); lânoerflak 1.779,81 km²
- Kabupaten Pulau Taliabu: 66.361 ynwenners (mids 2024); lânoerflak 2.775,30 km²
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sûla-eilanen waarden nei alle gedachten al sûnt 1500 f.Kr. bewenne troch Melaneezjers en stiene letter foar in hiel skoft ûnder ynfloed fan it Sultanaat Ternate en it Sultanaat Tidore, dy't mei inoar rivalisearren.
De Portegezen kamen yn 'e 16e iuw yn 'e regio, mar hiene net folle ynfloed op de Sûla-eilannen sels. Sûnt it begjin fan 'e 17e iuw kamen de Nederlanners fan 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy. Dy sletten ferdragen mei it Sultanaat Tidore om de hannel en politike ynfloed te fergrutsjen en oefenen letter it gesach út.
Yn 1942 foelen Japanske troepen Yndoneezje oan, dat doe noch ûnder Nederlânsk koloniaal bestjoer stie. De Sûla-eilannen waarden yn dat ramt ek beset en de Japanners ferfongen it Nederlânsk bestjoer troch de Japanske militêre autoriteit. Foar de befolking wie dat in hurd en ûnderdrukkend rezjym. Ynwenners moasten foar de Japanners wurkje, faak sûnder betelling. Guon fan dy romûsja's (twangarbeiders) waarden nei oare dielen fan Yndoneezje stjoerd foar bouprojekten lykas diken, spoarwegen en fleanfjilden. Nei de Japanske kapitulaasje ferklearren Soekarno en Mohammad Hatta Yndoneezje op 17 augustus 1945 ûnôfhinklik. De Sûla-eilannen waarden dêrmei diel fan 'e nije Yndonezyske steat, hoewol’t de Nederlanners oant 1949 besochten wer ynfloed te krijen. De Sûla-eilannen waarden yn it nije Yndoneezje ûnderdiel fan 'e provinsje Malûkû, letter (1999) ûnderdiel fan 'e provinsje Noard-Molukken.
Begjin 1999 ûntstiene der earnstige konflikten tusken moslims en kristenen, al wiene dy net sa slim as yn oare dielen fan 'e Molukken. Der waarden jihadistyske striders fan Laskar Jihad en oare organisaasjes, wapens en propagandamateriaal nei it gebiet brocht. Doarp nei doarp waard oanfallen en tsjerken en moskeeën waarden ferneatige. In soad minsken rekken alles kwyt of ferlearen harren libben. Formeel kaam mei de ûndertekening fan it saneamde Malino II-fredesakkoard op Súd-Selebes ynearsten in ein oan 'e konflikten.[1]
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan 'e Sûla-eilannen is relatyf lyts en wennet fral yn doarpen. Se prate ferskillende talen lykas it Sûlaansk en it Yndonezysk (de offisjele taal). Guon etyske groepen ha ek noch eigen talen.
Etnysk sjoen binne de minsken fan mingde ôfkomst: Melaneezysk, Austronezysk en guon mei in Malajo-Polynezyske eftergrûn.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte bewenners binne islamitysk, fral op 'e eilannen Sûlabezy (Sanana) en Mangole. Dêrnjonken binne der kristlike minderheden, fral op Taliabû. De religieuze identiteit spilet in grutte rol yn it sosjale libben. Yn guon dielen is ek it tradisjonele leauwen noch in diel fan 'e kultuer.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy is fral agrarysk en fiskerij. Op Taliabû en Mangole is der houthannel troch it kappen fan bosk. Op Taliabû binne goud-, nikkel- en minalefoarrieden en der binne mynbedriuwen mei belangstellng, mar de ynfrastruktuer is net goed en der is ferset fan lokale mienskippen fanwegen de miljeufersmoarging. It toerisme en dan fral it ekotoerisme wurdt stadichoan belangriker.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
