Sûkerpûdsje

Ut Wikipedy
Langwerpige sûkerpûdsjes, sugarsticks
Kopke kofje mei in fjouwerkant plat sûkerpûdsje

In sûkerpûdsje is in papieren pûdsje mei in pear gram sûker dat yn de hoareka by in bakje kofje of tee optsjinne wurdt om it swieter te meitsjen.

It sûkerpûdsje waard mids jierren '40 útfûn troch de Amerikaan Benjamin Eisenstadt (1906 – 1996), de oprjochter fan Cumberland Packing, benammen bekend as de fabrikant, distributeur en marketeer fan Sweet 'N Low. Eisenstadt wie arbeider yn in teepûdsjefabryk west en hie in soad argewaasje fan syn taak om alle sûkerhâlders yn syn kafetaria yn Brooklyn by te foljen en te ûntstopjen. Hy frege gjin patint oan op it idee en ferlear merkoandiel nei diskusjes mei gruttere sûkerbedriuwen.

De foarm fan in sûkerpûdsje kin plat of silinderfoarmich wêze. Tsjintwurdich binne der hieltyd mear silinderfoarmige pûdsjes (de saneamde ‘sugarsticks’) om’t dy út minder papier makke wurde kinne. Yn 2010 is de Vilans Ynnovaasjepriis wûn troch in studint dy’t in sûkerpûdsje ûntwurpen hat mei in skeane hals, sadat it iepenskuorren en útstruien makliker is.

Yn Nederlân waard it yn de rin fan de fyftiger jierren gebrûklik foar hoareka en bedriuwen om in sûkerpûdsje meitsje te litten, mei opdruk fan in eigen tekst en sa no en dan in (meast tekene) ôfbylding. Sûnt om ende by 1958 oant fier yn de jierren santich wie it meitsje litten fan in eigen sûkerpûdsje foar elts bedriuw ûnûntkomber.

Der waard in ferskaat fan tsientûzenen ferskillende sûkerpûdsjes makke, benammen troch fabrikanten Van Oordt (Rotterdam / Oud-Beijerland), Pluijgers (Arnhim), Puttershoek (Puttershoek) en FG (Grins). It sammeljen fan sûkerpûdsjes waard in raazje. Yn de sechtiger jierren wiene der yn Nederlân tûzenen samlers.

Ein 2000 waard in klup fan sûkerpûdsjesamlers yn Nederlân oprjochte, de Club van Suikerzakjesverzamelaars. It die bliken dat der ferlet wie fan in sintraal platfoarm foar kontakt en it ruiljen fan pûdsjes. Yn 2017 wie it ledetal yn Nederlân sa’n 120. It meitsjen fan in (digitale) katalogus fan Nederlânske sûkerpûdsjes is ien fan de doelstellingen fan de klup.

Yn Frankryk, Itaalje, Dútslân, Portugal, Grut-Brittanje, Tsjechië en Spanje binne al soartgelikense ferienings foar glykofily, sa as de Club des Glycophiles Français, de UK Sucrologist Club en Der Zuckersammler-Klub Deutschlands & Freunde.

De wittenskiplike namme foar it sammeljen fan sûkerferpakkingen is glykofily (Gryksk: glukus = swiet).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: