Sûkeladerêchiisfûgel
Sûkeladeiisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() Sûkeladerêchiisfûgel yn Kongo. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Halcyon badia | ||||||||||||
Verreaux & Verreaux, 1851 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De sûkeladerêchiisfûgel of sûkelarjerêchiisfûgel (Halcyon badia), ek wol de wytkieliisfûgel neamd, is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte hat donkere boppedielen en in sniewite ûnderkant (útsein in swarteftich plak op 'e flanken). De kop en nekke binne donkerbrún, de mantel is brúnswart en de rêch swart. Op 'e stút is de fûgel irrisearjend blau, de boppedekfearren fan 'e sturt binne swart en de sturt is feal blau. De fûgel hat donkere wjukken mei in skimerjend azuerblauwe spegel. Yn 'e flecht binne de blauwe stút en de blauwe spegel ûnderskiedend. De snaffel is read oant readbrún. Juvenilen lykje op folwoeksen fûgels, mar it boarst is net effen en de snaffel is swarteftich mei in oranje punt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sûkeladerêchiisfûgel komt yn 'e Afrikaanske reinwâlden foar fan Sierra Leöane oant Gana en fan Nigearia nei it easten oant it suden fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk en West-Uganda en súd nei de Kwangorivier yn it uterste noarden fan Angoala. De fûgel komt ek op Bioko foar.
It biotoop fan 'e sûkeladerêchiisfûgel is net mei wetter ferbûn en bestiet út reinwâlden.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in soad op in plak heech yn 'e beammen mei útsjoch op in iepen plak. Dêrwei fleant er om proaien yn 'e loft te fangen, of hy hellet proaien fan 'e grûn. Hy yt mychammels of ynsekten, fral sprinkhoannen en krobben, mar ek wringeleazen en lytse hagedissen.
Se grave harren nêsten yn ierden nêsten fan 'e beamtermiten fan it skaai Nasutitermes, dy't 4 oant 5 m boppe de boaiem oan in liaan of tûke hingje. Oan 'e sydkant fan it termitenêst grave de iisfûgels in horisontaal nêst. De termiten slute sels de troch de fûgels makke holte ôf. Ek wurde hingjende michammelnêsten útsocht foar de bou fan in nêst.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net bekend hoe grut de wrâldpopulaasje is, mar de soarte is algemien yn geskikt biotoop. Fanwegen de fierdergeande ferneatiging fan biotoop rint de populaasje yn oantal tebek. De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige beskôge (2024).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Chocolate-backed kingfisher
|
- Fûgelsoarte
- Echte beamiisfûgel
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Boerûndy