Sûchnettel
Sûchnettel | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Lamium album | ||||||
Sûchnettel (Lamium) is in skaai fan planten binnen de famylje fan 'e lippeblommen. It skaai bestiet út ienjierrige, mar ek út mearjierrige planten.
Yn it Frysk hjit de sûchnettel ek wol Adam en Eva, (stille, nuete, sêfte, dôve, wyfke of wite) brânnettel, nettelstrûk, (sêfte, dôve) broeier, broeinettel, daunettel, huningblom, ingeltsje-iten, (bline, dôve) nettel, sûger of dôvenettel.
De namme dôvenettel komt fan de âlde betsjutting dôf = net wurkjend. De blêden lykje sterk op dy fan de brânnettel, mar hawwe gjin nettels mei mieresoer. De namme sûchnettel komt fan de nektar dy't út de blomkes sûge wurde kin.
De ûngefear 40 soarten planten fan dit skaai binne lânseigen op it Eurazysk kontinint en yn Noard-Afrika.
Yn Fryslân en Nederlân komme de folgjende soarten foar:
- Brede sûchnettel (Lamium confertum)
- Flekte sûchnettel (Lamium maculatum)
- Streke sûchnettel (Lamium maculatum 'Variegatum')
- Hinnebyt (Lamium amplexicaule)
- Ynsniene sûchnettel (Lamium hybridum)
- Pearse sûchnettel (Lamium purpureum)
- Wite sûchnettel (Lamium album)
Eartiids waarden de giele sûchnettel (Lamiastrum galeobdolon) en de bûnte giele sûchnettel (Lamiastrum galeobdolon 'Florentinum') ek wol ta dit skaai rekkene.
Bûten Nederlân komme ek noch foar:
- Lamium bifidum
- Lamium barbatum
- Lamium corsicum
- Lamium flexuosum
- Lamium garganicum
- Lamium glaberrimum
- Lamium molucellifolium (bastert pearse sûchnettel)
- Lamium moschatum
- Lamium orvala