Springe nei ynhâld

Súdlike fjoerwever

Ut Wikipedy
súdlike fjoerwever

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeweverfûgels (Ploceidae)
skaaifjoerwevers (Euplectes)
soarte
Euplectes orix
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De súdlike fjoerwever (Euplectes orix) is in sjongfûgel fan súdlik Afrika. It is de typesoarte fan it skaai fjoerwevers út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

It fûgeltsje is likernôch 10 oant 11 sm lang. Yn 'e briedtiid is it mantsje fel oranjeread, wylst it boarst, de búk, de foarholle en de kiel swart binne. De wjukken en de sturt binne brún. It net-briedende mantsje en it wyfke hawwe in brún streke fearrekleed en binne ûnder bleker. Wyfkes binne lytser as de mantsjes. Se ha in dikke konyske snaffel.

Earder waard de noardlike fjoerwever (Euplectes franciscanus) as in ûndersoarte beskôge fan súdlike fjoerwever. By de briedende mantsjes fan 'e noardlike fjoerwever is de kiel net swart mar read, giet it swart fan 'e foarholle fierder op 'e kroan nei efter en oerdekke de lange sturtdekveren hast de hiele sturt. De wyfkes en net-briedende mantsjes binne hast itselde as dy fan 'e súdlike fjoerwever.

Súdlike fjoerwever Noardlike fjoerwever

De soarte komt foar yn wiete gebieten en op greidlân yn Afrika súdlik fan 'e evener. Benoarden de evener wurdt er ferfongen troch de noardlike fjoerwever. Der binne fjouwer ûndersoarten:

  • Euplectes orix nigrifrons: fan eastlik Kongo-Kinsjasa en súdwestlik Kenia oant Sintraal-Mozambyk.
  • Euplectes orix sundevalli: fan Simbabwe en súdlik Mozambyk oant noardeastlik Súd-Afrika.
  • Euplectes orix orix: fan Angoala, westlik Sambia en súdlik Kongo-Kinsjasa oant noardlik Namybje en noardlik Botswana.
  • Euplectes orix turgidus: fan súdlik Namybje oant súdlik Súd-Afrika.

Súdlike fjoerwevers binne relatyf sosjale fûgels, briede yn koloanjes en foerazjeare yn groepen. Se ite sied en bytiden ek wol ynsekten en sliepe yn mingde groepen mei oare weversoarten.

Mantsjes bouwe oan it begjin fan it briedseizoen ferskillende nêsten om de ynteresse fan wyfkes op te roppen. As se pronkje sette se de fearkes op. Se binne polygaam en peare mei meardere wyfkes. It nêst wurdt tusken it reid boud fan gers en in lechsel bestiet út twa oant fjouwer aaikes.

Neffens IUCN wurdt de fûgel net bedrige (LC, 2018) en de populaasje is stabyl.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: