Springe nei ynhâld

Súdlike fiskaalwurger

Ut Wikipedy
súdlike fiskaalwurger
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljewurgerfûgels (Laniidae)
skaaiwurgers (Lanius)
soarte
Lanius collaris
Linnaeus, 1766
IUCN-status:

De súdlike fiskaalwurger (Lanius collaris) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) yn it skift fan 'e sjongfûgels (Passeriformes).

De fûgel is 21 oant 23 sm lang en weaget 25 oant 58 gram. It is in middelgrutte, swart mei wyt kleure wurger. De boppekant fan 'e kop, de rêch en in diel fan 'e wjukken binne swart. De boppeste wjukdekfearren binne wyt. De lange sturt is swart mei wite bûtenste sturtpinnen. Fan ûnder is de fûgel sniewyt oant smoarch-wyt. Wyfkes hawwe minder kontrast yn harren fearrekleed.

De ûndersoarten ferskille fan inoar troch de yntensiteit fan it swart op 'e boppedielen, it wyt oan 'e ûnderkant en op 'e sturt, it hawwen of net hawwen fan in wynbraustreek, plakken op it boarst en it ferskil tusken mantsje en wyfke.

Fersprieding en taksonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte wurdt ûnderferdield yn fiif ûndersoarten, ferdield oer twa groepen mei de folgjende fersprieding:

  • marwitzi-groep
    • Lanius collaris marwitzi – noardeastlik en sudsintraal Tanzania
  • collaris-groep
    • Lanius collaris collaris – súdlik Namybje, Súd-Afrika (útsein it noorden en noardeasten), Lesoto, Swazylân en it uterste suden fan Mozambyk
    • Lanius collaris pyrrhostictus – noardeastlik Botswana, Simbabwe, noardeastlik Súd-Afrika en súdwestlik Mozambyk
    • Lanius collaris subcoronatus – súdeastlik Angoala, Namybje (útsein de noardwestkust en it uterste suden), súdwestlik Simbabwe en noardlik Súd-Afrika (oant yn it noardwesten fan 'e provinsje Noard-Kaap en sintraal Frijsteat)
    • Lanius collaris aridicolus – drûge kustgebieten fan noardwestlik Namybje en súdwestlik Angoala

Foarhinne waard de ûndersoarte marwitzi as in aparte soarte beskôge.

Oant koartlyn waarden de súdlike fiskaalwurger en de noardlike fiskaalwurger (Lanius humeralis) as deselde soarte beskôge.

De súdlike fiskaalwurger hat gjin eigen status. De IUCN behannelet de súdlike en de noardlike fiskaalwurger noch as ien soarte en klassifisearet de fûgel as net bedrige (Least Concern, LC).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: