Springe nei ynhâld

Súdlike Afrikaanske wylde kat

Ut Wikipedy
súdlike Afrikaanske wylde kat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaiwylde katten (Felis)
soarteAfrikaanske wylde kat
   (Felis lybica)
ûndersoarte
Felis lybica cafra
Desmarest, 1822
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De súdlike Afrikaanske wylde kat (wittenskiplike namme: Felis lybica cafra) is in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica), dy't foarkomt yn Súdlik Afrika en de súdlike dielen fan Sintraal- en East-Afrika. It is in solitêr libjend nachtdier mei in karnivoar dieet, dat benammen op lytse sûchdieren jaget.

De súdlike Afrikaanske wylde kat waard yn 1822 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Frânske biolooch Anselme Gaëtan Desmarest. Dyselde beskôge it bist as in selsstannige soarte wylde kat en joech it de wittenskiplike namme Felis cafra, fan it Afrikaanske wurd kaffer, dat doedestiden in gongbere oantsjutting foar negroïde minsken yn Súdlik Afrika wie, mar tsjintwurdich as oanstjitjaand beskôge wurdt. Geandewei de tweintichste iuw waard dúdlik dat de súdlike Afrikaanske wylde kat net genôch fan 'e wylde katten fan Noard-Afrika ferskilde om in soartlike status te fertsjinjen. Mar yn 2007 waard dit bist op basis fan genetysk ûndersyk foarsichtich as in aparte ûndersoarte erkend. Morfologyske ferskillen wize derop dat de opspjalting tusken de súdlike Afrikaanske wylde kat en de gewoane Afrikaanske wylde kat út noardlik Afrika en it Midden-Easten plakfûn hawwe moat yn 'e krite fan súdlik Tanzania en noardlik Mozambyk.

In súdlike Afrikaanske wylde kat kriget foar it ferstân dat er net allinnich is.

It ferspriedingsgebiet fan 'e súdlike Afrikaanske wylde kat beslacht it súdlike diel fan Afrika. It omfettet it hiele grûngebiet fan Angoala, Botswana, Lesoto, Malawy, Mozambyk, Sambia, Simbabwe, Súd-Afrika en Swazylân, wylst dit bist yn Namybje inkeld mist yn 'e Namybwoastyn oan 'e kust. Dêropta hearre ek de súdlike helte fan Tanzania, dielen fan it suden en súdwesten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo en dielen fan 'e súdwestlike Republyk Kongo en fan súdlik Gabon ta ta it areaal fan dit bist.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De súdlike Afrikaanske wylde kat hat trochinoar in kop-romplingte fan 46–661/2 sm, mei in sturtlingte fan 25–36 sm en in gewicht fan 21/2–51/2 kg. Fan uterlik liket dit bist hiel sterk op in hûskat (Felis catus), en dat er eins in fraksje grutter fan stal is, falt net op. De grûnkleur fan 'e pels is griis oant bêzje, mei dêroerhinne in patroan fan swarte streken dy't horizontaal binne op 'e poaten en fertikaal op 'e romp, hoewol't se dêr faak weiwurde ta fragmintearre spikkels. De sturt hat swarte ringen en in swarte punt. De soallen binne inketswart. De earen, dy't trijehoekich fan foarm binne, mei in dúdlike punt, hawwe op 'e efterkant in readbrune kleur.

Súdlike Afrikaanske wylde katten hawwe har oanpast oan in wiid ferskaat oan biotopen, fan healwoastyn en steppe oant tropysk reinwâld. Se ûntbrekke lykwols yn 'e drûchste woastyn (lykas de Namyb) en it djipste reinwâld (lykas it Kongoreinwâld). Op keale rotsen komt dit bist likemin foar, mei't er ferlet hat fan in beskaat beskûl fan opgeande fegetaasje.

In súdlike Afrikaan-ske wylde kat.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De súdlike Afrikaanske wylde kat is in nachtdier dat oerdeis rêst en ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster fanwegen komt om op jacht te gean. Hy liedt in fierhinne solitêr bestean, útsein yn 'e peartiid, dy't ornaris gearfalt mei de reintiid. De draachtiid duorret 56–60 dagen, wêrnei't de wyfke op in beskut plakje in nêst fan almeast 1–3 jongen smyt. Dy bringt se allinnich grut, mei't de boarre nei de pearing fierders neat mear mei it fuortplantingsproses te krijen hat. De jongkatsjes beselskipje de mem mei likernôch in moanne as dy op en út giet. Mei 3 moanne wurde de jongen ôfwûn en begjinne se te learen om sels te jeien. Se bliuwe likernôch in healjier by de mem.

Súdlike Afrikaanske wylde katten binne karnivoaren foar wa't benammen lytse sûchdieren op it menu steane. Dêrby giet it fral om kjifdieren lykas rotten en mûzen, mar ek om hazze-eftigen, lytse en middelgrutte fûgels oant en mei pearelhinnen ta, hagedissen, amfibyen en ynsekten en oar wringeleas dierte. By ûndersyk is waarnommen hoe't de súdlike Afrikaanske wylde kat sels de kealtsjes bejaget fan lytse antilopen, lykas dûkers, en fierders de lammen fan (domestisearre) skiep en geiten.

In súdlike Afrikaanske wylde kat yn Súd-Afrika.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e súdlike Afrikaanske wylde kat binne gruttere rôfdieren, lykas de liuw (Panthera leo), it loaihoars (Panthera pardus), de bûnte hyena (Crocuta crocuta) en de hyenahûn (Lycaon pictus). De jongen binne yn 't earstoan kwetsber foar in ferskaat oan lytsere rôfdieren, wêrûnder martereftigen, rôffûgels en ûlen.

De súdlike Afrikaanske wylde kat is net op status beoardiele troch de Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN), mar hy liket yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foar te kommen en de populaasje liket stabyl te wêzen. De wichtichste bedriging komt fan genetyske fersmoarging troch krusings mei ferwyldere hûskatten. Ek wurde súdlike Afrikaanske wylde katten noch gauris ferfolge troch feehâlders dy't harren as skealik ûngedierte sjogge. Fierders spilet habitatferlies troch de útwreiding fan minsklike aktiviteiten in rol.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.