Springe nei ynhâld

Súdlik Idahogrûniikhoarntsje

Ut Wikipedy
súdlik Idahogrûniikhoarntsje
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljeiikhoarntsjes (Sciuridae)
skaailangsturtgrûniikhoarntsjes
   (Urocitellus)
soarte
Urocitellus endemicus
Yensen, 1991
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

It súdlik Idahogrûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus endemicus, foarh. Spermophilus endemicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). Dit bist komt inkeld foar yn in lyts gebiet yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Idaho. Foarhinne waarden it súdlik Idahogrûniikhoarntsje en it noardlik Idahogrûniikhoarntsje (Urocitellus brunneus) ta deselde soarte rekkene, mar yn 2018 wiisde DNA-ûndersyk út dat it eins twa ferskillende soarten binne. De IUCN klassifisearret it súdlik Idahogrûniikhoarntsje as kwetsber.

De fersprieding fan it súdlik Idahogrûniikhoarntsje is beheind ta in gebiet fan rûchwei 30 by 70 km yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Idaho. It rint likernôch fan it doarp Emmet yn it súdeasten oant Weiser yn it noardwesten, en beslacht alle gebiet om en tusken dy beide plakken, yn 'e countys Gem, Payette en Washington. Yn it westen wurdt it ferspriedingsgebiet fan it súdlik Idahogrûniikhoarntsje ôffrede troch de rivier de Snake, dy't de grins fan Idaho mei de oanbuorjende steat Oregon foarmet. Yn it suden wurdt it beswette troch de Payette, in sydrivier fan 'e Snake. Yn it noardeasten foarmje oerâlde bestjurre lavafjilden de grins.

It ferspriedingsgebiet fan it súdlik Idahogrûniikhoarntsje yn westlik Idaho.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súdlik Idahogrûniikhoarntsje hat trochinoar in totale lichemslingte fan 20,9–25,8 sm, mei in koart, smel sturtsje. It gewicht bedraacht 120–290 g. Oan 'e ein fan 'e simmer binne de bistkes it swierst, wylst se oan 'e ein fan 'e wintersliep sterk fermeagere en dus folle lichter binne. Der bestiet ek in beskate foarm fan seksuele dimorfy yn dizze soarte, mei't de mantsjes ornaris in stikje grutter binne as de wyfkes. De pels hat in grize kleur mei rodzige plakken (benammen op 'e poaten en earen) en is op 'e bealch ljochter as op 'e rêch. Op 'e kiel sit in griisbrún plak.

Súdlike Idahogrûniikhoarntsjes komme foar yn in iepen biotoop. Se jouwe de foarkar oan in habitat fan gloaiend heuvellân ôfwiksele mei flakke greiden. Der moat begroeiïng fan strewelleguod lykas aalst (Artemisia) en klifroas (Purshia) oanwêzich wêze foar beskûl tsjin rôfdieren. Ek troch de minske oanbrochte stekken, dêr't de begroeiïng oer it algemien wat heger is as yn it omlizzende gebiet, kin dêrfoar helpe. De bistkes komme ek foar op kultuerlân, lykas golfbanen en ikkers dy't beplante binne mei alfalfa en klaver. Oangeande hichte binne súdlike Idahogrûniikhoarntsjes yn har fersprieding beheind ta 670–975 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súdlik Idahogrûniikhoarntsje libbet yn hoalen dy't er sels graaft. Fan augustus of septimber oant ein april hâldt er in wintersliep fan 7–8 moannen. De peartiid begjint yn 'e earste beide wiken fan 'e aktive perioade yn maaie. Nei de eigentlike pearing wurdt it mantsje troch it wyfke ferjage, en bringt sy allinnich de jongen grut. De draachtiid duorret 24–25 dagen, wêrnei't in smeet fan 2–7 mar ornaris 5 jongen te wrâld komt. Dy bliuwe ûndergrûnsk oant se mei 50 dagen ôfwûn wurde. Wyfkes produsearje mar ien smeet jongen yn 't jier.

It súdlik Idahogrûniikhoarntsje fret benammen planteknoppen, gerzen, rusken, siggen en de griene dielen fan strûken en beammen.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan it súdlik Idahogrûniikhoarntsje binne de sulverdas (Taxidea taxus), de prêrjewolf (Canis latrans), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en ferskate soarten rôffûgels, benammen de prêrjefalk (Falco mexicanus), de cooperhauk (Astur cooperii), de Amerikaanske hauk (Astur atricapillus), de readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis) en de Amerikaanske blauwe hoanskrobber (Circus hudsonius).

It súdlik Idahogrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is. Hoewol't it bistke yn syn ferspriedingsgebiet noch ridlik algemien foarkomt, is dat gebiet sa lyts dat der net folle hoecht te barren om 'e hiele populaasje út te rûgjen. Teffens is it sa dat de ferdieling oer it ferspriedingsgebiet ûngelyk is: op guon plakken tilt it op fan 'e bistkes, wylst oare plakken, dy't nei't it him oansjen lit tige gaadlik habitat binne, mar kwealk of hielendal net bewenne wurde. Bedrigings foar it súdlik Idahogrûniikhoarntsje besteane behalven út natuerlike predaasje ek út deasjitten, bestrûpen en fergiftiging troch minsken dy't har as ûngedierte beskôgje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.