Súdeastaziatyske protters
| Súdeastaziatyske protters | ||
| Sturnia sinensis | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | protterfûgels (Sturnidae) | |
| skaai: | Súdeastaziatyske protters (Sturnia) | |
| Lesson, 1837 | ||
| Soarten | ||
| ●Sturnia blythii ● ● ● ● | ||
Súdeastaziatyske protters (Sturnia) foarmje in fûgelskaai fan sjongfûgels út de famylje protterfûgels (Sturnidae). De soarten fan it skaai wurde troch guon ek wol by it skaai Sturnus set, mar yn in stúdzje fan 2018 die bliken dat Sturnus in polyfyletyske groep foarme en dêrom waarden de soarten fan dy groep beheind.
Súdeast-Aziatyske protters komme yn Súd- en Súdeast-Aazje foar fan Sina en Yndia oant de Filipinen en súdlik Yndoneezje. Guon soarten ha in beheind en lokaal ferspriedingsgebiet, oaren ha gruttere ferspriedingsgebieten. Harren fearren binne faak in kombinaasje fan sêfte kleuren: griis, brún, wyt, somtiden mei wat giel of saffraankleurige aksinten. De snaffel fan 'e measte soarte is gieleftich.
It binne sosjale fûgels dy't faak yn lytse groepen sjoen wurde, somtiden yn mingde kloften mei oare protters. De typesoarte is de wytskouderprotter.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai bestiet út fiif soarten.
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Status / trend |
|---|---|---|---|
| wytkopprotter | Sturnia blythii | net evaluëarre | |
| Adamanenprotter | Sturnia erythropygia | net bedrige ûnbekend[1] | |
| griiskopprotter | Sturnia malabarica | net bedrige ûnbekend[2] | |
| Pagoadeprotter | Sturnia pagodarum | net bedrige stabyl[3] | |
| Wytskouderprotter | Sturnia sinensis | net bedrige stabyl[4] |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
