Springe nei ynhâld

Súdamerikaanske swarte strânljip

Ut Wikipedy
Súdamerikaanske swarte strânljip
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljestrânljipfûgels (Haematopodidae)
skaaistrânljippen (Haematopus)
soarte
Haematopus ater
Vieillot, 1825
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet


     stânfûgel
     briedfûgel


     net-briedfûgel


De Súdamerikaanske swarte strânljip (Haematopus ater) is in waadfûgel út de famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae). De fûgel komt foar yn Argentynje, Sily, de Falklâneilannen en Perû, en is in dwaalgast yn Oerûguay. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 21.000 oant 89.000 folwoeksen eksimplaren.

It fearrekleed fan 'e Súdamerikaanske swarte strânljip is laaigriis-swart, wêrby't de wjukken en de rêch wat dûnkerbrún binne. De lange snaffel is bloedread, de poaten binne wyt en de iris is read oant oranjeread. Mantsjes en wyfkes lykje op inoar. De fûgel wurdt maklik oer de kop sjoen op in rotseftige kust; syn donkere kleur falt nammentlik faak gear mei de kleur fan 'e rotsen dêr't er op rint as er om iten siket. Syn oanwêzigens kin lykwols maklik fêststeld wurde troch syn lûde en karakteristike warskôgingsroppen.

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Súdamerikaanske swarte strânljip is lânseigen fan Noard-Perû oant Fjoerlân en de Falklâneilannen en is in dwaalgast yn Oerûguay. Guon beskôgje de Noardamerikaanske swarte strânljip (Haematopus bachmani) en de Súdamerikaanske swarte strânljip ta ien en deselde soarte. De Súdamerikaanske swarte strânljip wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten ûnderskieden wurde.

Pear Súdamerikaanske swarte strânljippen.

De Súdamerikaanske swarte strânljip is kustfûgel. It natuerlike habitat binne rotseftige kusten. Hy siket syn iten yn 'e tuskensône op rotseftige kusten, yn rotsdobben en op grintstrannen. Ut en troch wurdt er ek op sânstrannen waarnommen, dêr't er nei emerita siket.

De IUCN klassifisearret de Súdamerikaanske swarte strânljip as net bedrige (Least Concern). It is net dúdlik oft de populaasje tanimt of ôfnimt, mar de fûgel hat in tige grut ferspriedingsgebiet en de totale populaasje wurdt tusken de 15.000 en 80.000 fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: