Springe nei ynhâld

Súdamerikaanske reiddomp

Ut Wikipedy
Súdamerikaanske reiddomp
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireiddompen (Botaurus)
soarte
Botaurus pinnatus
Wagler, 1829
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel

De Súdamerikaanske reiddomp (Botaurus pinnatus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e reagerfûgels dy't yn Midden- en Súd-Amearika libbet.

De Súdamerikaanske reiddomp is in relatyf grutte reiddomp mei in lingte fan likernôch 63 oant 76 sintimeter en in gewicht fan omtrint 500 oant 900 gram. It fearrekleed is oer it generaal brunich mei in protte streken en bannen. Dat fearrekleed soarget foar in poerbêste skutkleur tusken it reid. De kiel is ljocht fan kleur en syn hals en boarst hawwe dúdlike ljochte en donkere streke, wylst er in brune rêch mei in swarte en donkerbrune tekening hat. De fûgel hat griengiele poaten en in giele iris. Mantsjes en wyfkes lykje in soad op inoar; der binne gjin dúdlike ferskillen.

Lykas oare reiddompen nimt de fûgel faak de foar it skaai karakteristike hâlding oan: hy stiet dan stiif rjochtop mei de snaffel omheech, sadat er hast net opfalt tusken it reid.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Súdamerikaanske reiddomp komt foar fan súdlik Meksiko troch Midden-Amearika hinne oant yn grutte parten fan Súd-Amearika, ûnder oaren yn Brazylje, Kolombia, Fenezuëla, Perû, Paraguay en Argentynje.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • Botaurus pinnatus caribaeus – yn eastlik Meksiko en Belize (soms yn Gûatemala).
  • Botaurus pinnatus pinnatus – fan súdlik Nicaragua oant noardeastlik Argentynje.

De nominaatfoarm is yn trochsneed wat lytser, hat relatyf langere wjukken en in langere sturt en in wat donkerder fearrekleed. De kiel en hals ha mear en dudlikere streken op 'e kiel en hals.

De soarte waard yn 1829 beskreaun troch de Dútske natoerûndersiker Johann Georg Wagler. Oarspronklik waard de fûgel yn it skaai Ardea set, mar hjoed-de-dei heart er ta it skaai Botaurus.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel libbet yn reidfjilden, sompen, ûnderstrûpte greiden, sleatten en begroeide iggen fan marren. Syn iten bestiet út fisk (ek iel), amfibyen, reptilen, ynsekten, oare lytse wringeleazen, lytse sûchdieren en somtiden jonge fûgels. Hy jaget meastentiids hiel ferduldich en stiet lange tiid stil oant in proai tichteby komt.

It nêst sit goed ferstoppe en in wyfke leit meastentiids 2 oant 3 aaien, dy't oliifgriis of striegiel fan kleur binne. De aaien wurde yn likernôch 24 oant 26 dagen útbred. It wyfke nimt de folsleine soarch foar de piken op har. De piken wurde mei dûnsfearren en de eagen iepen berne en wurde fuorre mei opkoarre fisk en ynsekten. Nei likernôch 15 dagen begjinne de jonge fûgels har al bûten it nêst te ferpleatsen troch it reid, al duorret it langer foardat se folslein selsstannich binne.

Op 'e Reade List fan de IUCN wurdt de fûgel as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. Mei in rûzing fan 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels oer in gigantysk gebiet fan Meksiko oant Argentynje liket de populaasje stabyl. BirdLife International jout oan dat it ferspriedingsgebiet sa'n 16 miljoen km² beslacht. Soargen binne der oer de gefolgen fan 'e soarte fan it ferdwinen fan sompen, fersteuring en fersmoarging.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: