Springe nei ynhâld

Súdamerikaanske dûkers

Ut Wikipedy
Súdamerikaanske dûkers
De typesoarte is de wytwangdûker.
De typesoarte is de wytwangdûker.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:dûkereftigen (Podicipediformes)
famylje:dûkerfûgels (Podicipedidae)
skaai:Súdamerikaanske dûkers (Rollandia)
Bonaparte, 1856

De Súdamerikaanske dûkers (Rollandia) foarmje in skaai fan middelgrutte wetterfûgels út 'e famylje fan 'e dûkerfûgels (Podicipedidae). De soarten út dit skaai komme foar yn Súd-Amearika. De typesoarte is de wytwangdûker (Rollandia rolland).

Súdamerikaanske dûkers binne kompakte wetterfûgels mei in opfallend uterlik. Ien fan 'e beide soarten, de Titicacadûker, is folslein flechtleas. Se briede yn swietwettermarren, sompen en stadich streamende wetterflakten mei in tichte begroeiïng. Harren dieet bestiet benammen út fiskjes, wetterinsekten en lytse wringedieren.

It skaai Rollandia waard yn 1856 yntrodusearre troch de Frânske biolooch Charles Lucien Bonaparte.

It skaai omfiemet twa libbene soarten:

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus
TiticacadûkerRollandia micropteraGebiet op en om 'e Titicacamar (Perû en Bolivia).[1]
WytwangdûkerRollandia rollandSuden en westen fan Súd-Amearika.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: