Springe nei ynhâld

Súdmolukske iisfûgel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Súd-Molukkeniisfûgel)
Súdmolukske iisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus lazuli
Temminck, 1830
IUCN-status: net bedrige

De Súdmolukske iisfûgel of Súd-Molukkeniisfûgel (Todiramphus lazuli) is in bedrige fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels. Coenraad Jacob Temminck beskreau de fûgel yn 1830 as Alcedo lazuli mei de fermelding Sumatra, itjinge in fersin wie want it holotype fan 'e fûgel kaam fan it eilân Ambon.

Holotype fan 'e soarte yn it Naturalis Biodiversity Center, Leien.

De fûgel wurdt 22 sm lang. Mantsjes en wyfkes ha blauwe oant blaugriene boppedielen. Mantsjes en wyfkes lykje in soad op inoar, mar it mantsje hat in wyt boarst en it wyfke in blau boarst. Se ha beide in wite kiel. De kop is foar it meast blau, mar se ha in swarte streek oer de krún en ûnder it each. Tusken de snaffel en it each ha se in wyt plak. De snaffel is swart en de poatsjes binne donkerbrún oant swart.

De soarte is endemysk op 'e súdlike Molukken, in eilannegroep yn it easten fan Yndoneezje tusken Selebes, de Filipinen, Nij-Guineä en Timor. Se binne te finen op it eilân Seram en de oangrinzgjende eilannen Ambon en Haruku. It biotoop bestiet út boskrânen, sekundêr bosk en agrarysk gebiet mei genôch beammen lykas de kokospalm.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is beheind en dêrfandinne is der in kâns op útstjerren. In rûzing fan 2022 giet út fan in populaasje fan 12.000 oant 18.000 folwoeksen fûgels. De fersprieding is fragmintearre en de fugel wurdt boppedat faak fongen. Dochs wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (LC) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: