Springe nei ynhâld

Rysreager

Ut Wikipedy
Rysreager

Fûgel yn briedkleed

Lûdsfragmint
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaisompereagers (Ardeola)
soarte
Ardeola grayii
Sykes, 1832
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De rysreager (Ardeola grayii) is in Súdaziatyske fûgelsoarte út it skaai sompereagers (Ardeola) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It kearngebiet fan it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit op it Yndysk subkontinint oant Birma en Sry Lanka. Oar as syn nauwe sibbe de brune reager (Ardeola ralloides) wurdt er faak yn it iepen fjild sjoen.

Fûgel yn ' flecht.

De rysreager is in 42–45 sm lange sompereager dy’t, krektlyk as syn nauwe sibben, goed te werkennen is oan in donkere rêch dy't tige kontrastearret mei de folslein wite wjukken. Yn ferliking mei de brune reager (Ardeola ralloides) hat er yn it briedkleed donkerder readbrún op 'e mantel en skouderfearren en in effen nekke, wylst de kop gielbêzje is. De ferlykbere Sineeske sompereager (Ardeola bacchus) hat swart ynstee fan readbrún. Yn 'e flecht ljochtsje de wite wjukken fan 'e rysreager helder op.

Bûten it briedseizoen liket de rysreager in soad op 'e brune reager, mar de streken op 'e kop, hals en it boppeboarst binne breder, de boppekant is matter brún en de rysreager hat meastentiids in bleke streek tusken each en snaffel boppe de team. Yn it winterkleed is de fûgel net mei wissichheid fan 'e Sineeske sompereager te ûnderskieden.

Juvenilen ha in soad fan 'e folwoeksen fûgels bûten it briedseizoen, mar se binne bleker bêzje op 'e kop en hals en ha brune plakken op 'e boppeste dekfearren en punten fan 'e hânpinnen.

Bûten briedtiid
Briedkleed

De rysreager komt foar fan 'e noardlike Perzyske Golf oant Bangladesj, Sry Lanka en Birma. Hy wurdt ek op 'e Andamanen, Nikobaren, Maldiven en Lakshadweep waarnommen. Winterdeis kin er súdlik oant it noardwesten fan Malakka sjoen wurde en ek yn Oman en de Feriene Arabyske Emiraten. Sporadysk is er op 'e Seysjellen, yn Tailân, Jemen en Koeweit sjoen.

De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin erkende ûndersoarten binne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rysreagers libje yn in grut ferskaat oan wiete gebieten yn it binnenlân en oan 'e kust, lykas marren, sleatten, yrrigaasjedammen en rysfjilden. Dêr siket er meastentiids solitêr nei iten, mar hy wurdt somtiden ek yn grutte groepen sjoen by opdrûchende wettersompen om dêr op stjerrende fisk te jeien. De soarte is minder skou as de brune reager en wy is faker yn it iepen fjild te sjen.

Fûgel mei proai.

De rysreager libbet benammen fan kreefteftigen, wetterynsekten, fisken, kikkertsdril en somtiden bloedsûgers. Yn greiden en op fjilden pakt er ek ynsekten lykas sprinkhoannen, libellen, bijen en ek amfibyen. Hy siket ornaris nei iten oan 'e rânen fan 'e sompen, mar kin ek driuwende fegetaasje lykas wetterhyasinten brûke. Der binne ek waarnimmingen fan fûgels dy't swimme en út 'e loft fiskje. Soms fleane se leech oer it wetter om kikkerts en fisk nei de igge ta te driuwen.

De rysreager begjint by it begjin fan 'e moesson te brieden yn lytse koloanjes en faak tegearre mei oare wetterfûgels. It nêst wurdt yn in beam of strûk boud, meast njoggen oant tsien meter boppe de grûn. It mantsje sammelet it nêstmateriaal, wylst it wyfke it nêst bout, dêr't se trije oant fiif aaien yn leit dy't nei 18–24 dagen útkomme. Beide âlden fuorje de jongen, fral mei fisk. As er net fersteurd wurdt kin in rysreager itselde nêst hieltiten wer brûke.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in ûnbekende ûntwikkeling. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige (LC) klassifisearre.

De wittenskiplike soartenamme grayii ferwiist nei de Ingelske ornitolooch John Edward Gray (1800–1875).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: