Springe nei ynhâld

Rysfjildrôt

Ut Wikipedy
rysfjildrôt
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljemûseftigen (Muridae)
skaaiechte rotten (Rattus)
soarte
Rattus argentiventer
Robinson & Kloss, 1916
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De rysfjildrôt (wittenskiplike namme: Rattus argentiventer) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist is lânseigen yn grutte dielen fan Súdeast-Aazje. It is in yn koloanjes libjend nachtdier mei in omnivoar dieet. Troch bouboeren wurdt de rysfjildrôt as skealik ûngedierte beskôge fanwegen syn oanfraat fan lânbougewaaksen lykas rys. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.

De rysfjildrôt waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1916 troch de Ingelske mammalogen Herbert C. Robinson en C. Boden Kloss. It soartespesifike diel fan 'e wittenskiplike namme fan dit bist, argentiventer, betsjut "sulverbealch".

De rysfjildrôt komt foar yn grutte dielen fan Súdeast-Aazje. Op it fêstelân libbet dit bist by de kust fan Fjetnam lâns fan 'e delta fan 'e Reade Rivier by Hanoi nei it suden ta. Yn súdlik Fjetnam omfettet it areaal de hiele Mekongdelta en dêrwei folget it de rivier de Mekong oer de grins nei eastlik Kambodja en de súdpunt fan Laos. In dêr net op oanslutende fersprieding bestiet fan it leechlân fan súdlik Tailân yn 'e neite fan Bangkok nei it suden ta. Dat gebiet omfiemet it hiele skiereilân Malakka, de Taiske, Birmeeske en Maleizyske dielen ynbegrepen.

Yn 'e Yndyske Arsjipel komt de rysfjildrôt foar op 'e fjouwer Grutte Sûnda-eilannen Sumatra, Java, Borneo en Selebes, en teffens op 'e lytsere eilannen yn 'e Strjitte Malakka (tusken Sumatra en Malakka yn) en oan 'e noardlike útein fan 'e Javasee, lykas Bangka en Billiton. Oan 'e eastkant fan Java hearre ek Madoera en de Lytse Sûnda-eilannen fan Baly oant en mei Timor ta it ferspriedingsgebiet fan dit bist. Yn it suden fan West-Papoea, it Yndonezyske diel fan Nij-Guineä, bestiet in isolearre populaasje. Yn 'e Filipinen hearre fierders ek noch de eilannen Negros, Cebu, Mindoro en Palawan ta it areaal fan 'e rysfjildrôt, en ek binne der isolearre populaasjes oan 'e súdkant fan Mindanao, by de stêd Davao, en oan 'e noardwestkust fan Luzon, yn 'e stêdekloft fan Manilla.

It fermoeden fan saakkundigen is dat de rysfjildrôt op Selebes, Nij-Guineä, de Lytse Sûnda-eilannen en de Filipinen in eksoat is, dy't dêr yn 'e prehistoarje by fersin yntrodusearre is troch de minske. Hurde bewizen foar dy teory binne der lykwols (noch) net.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rysfjildrôt is fan middelgrutte foar in lid fan it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan likernôch 23 sm, mei in sturtlingte fan 14–21 sm en in gewicht fan 97–219 g. De wyfkes hawwe 12 oeren. De pels is op 'e boppeste lichemsdielen ljochtbrún mei swarte en grize hierren dertrochhinne. Op 'e bealch is er yn 'e midden sulverich griis fan kleur, taljochtsjend nei wyt op it ûnderste part fan 'e siden. De sturt, dy't altyd justjes koarter is as de kop-romplingte, is ienkleurich brún. Healwoeksen eksimplaren kinne in oranje toef hier foar de earen hawwe.

It natuerlike biotoop fan 'e rysfjildrôt bestiet út gersflakten en savannes. Tsjintwurdich komt dit bist lykwols folle mear foar yn kultuerlânskippen, lykas sawa's (rysfjilden), tunen, hôven en plantaazjes foar de produksje fan palmoalje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rysfjildrotten binne sosjale bisten dy't yn grutte groepen libje. Eltse groep stiet ûnder lieding fan in dominant mantsje en in dominant wyfke. As se oanfallen of fersteurd wurde, meitsje se gillende en fluitsjende lûden. It binne nachtdieren, dy't de dei ornaris trochbringe yn eigengroeven ûndergrûnske hoalen en by nacht op 'e lapen komme om te foerazjearjen. Soms kinne se oerdeis lykwols ek waarnommen wurde. In hoale wurdt altyd troch ien inkeld bist bewenne, of it moat wêze dat it giet om in wyfke mei jongen. De measte hoalen wurde groeven yn 'e dykjes om 'e sawa's hinne, mar se wurde ek oanlein yn 'e iggen fan yrrigaasjekanalen en yn 'e grûn fan tunen en hôven.

De fuortplantingssyklus fan 'e rysfjildrôt folget nau de agraryske syklus yn syn wengebiet. De peartiid begjint koart foar't de rysfjilden beplante wurde, sadat de jongen berne wurde wylst de rys ta waaksdom komt. Rysfjildrotten kinne in twadde smeet jongen produsearje as de rys oan it rypjen is en in trêdenien koart nei de rispinge. As de sawa's fuort nei de rispinge wer op 'e nij beplante wurde, kinne de jongen út 'e earste smeet noch datselde jier sels ek jongen produsearje.

De draachtiid fan 'e rysfjildrôt duorret 20–26 dagen, mar de measte wyfkes smite mei 21 dagen. De grutte fan 'e smeet fariëarret regionaal: yn Malakka bedraacht it oantal jongen de smeet trochinoar 5–7, mar op Java komme der 10–11 jongen tagelyk te wrâld. It tal jongen yn ien smeet kin yn ekstreme gefallen oprinne ta 18. De jongen binne by de berte blyn, keal en helpleas, mar ûntwikkelje har tige fluch. Yn teory is it foar in wyfke mooglik om op 'e leeftyd fan 28 dagen al foar it earst oan 'e fuortplanting diel te nimmen. Op dat stuit weagje wyfkes 31–40 g. It is lykwols wenstiger dat se pas foar it earst pearje as se in gewicht fan 60–120 g berikt hawwe. Mantsjes binne mei likernôch 59 dagen geslachtsryp, wannear't se sa'n 90 g weagje.

Wylst by de measte oare kjifdieren de berte fan in nij nêst jongen derfoar soarget dat de jongen út 'e foargeande smeet ferdreaun wurde of út harsels op 'e swalk geane, is it by de rysfjildrôt mooglik dat in wyfke in hoale bewennet yn 'e mande mei har jongen út ferskate smeten. Om't it dêrnjonken sa is, dat by dizze soarte fakentiden 100% fan alle wyfkes drachtich is, kin de populaasjetichtens heech oprinne. Yn dielen fan Yndoneezje komme yn it rysseizoen soms wol 500–600 rysfjildrotten de hektare foar.

De rysfjildrôt is in omnivoar. Syn dieet bestiet út 'e sieden, stâlen en blêden fan gerzen (tsjintwurdich benammen rys en beskate oare lânbougewaaksen) en fierders fruchten en nuten en teffens ynsekten (benammen termiten en sprinkhoannen), lytse kreefteftigen en slakken.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e rysfjildrôt binne ferskate soarten slangen en ûlen.

De rysfjildrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Troch bouboeren wurdt dit bist as skealik ûngedierte beskôge fanwegen de fraat fan rys en oare lânbougewaaksen. Troch tadwaan fan rysfjildrotten kin soms wol 30–50% fan 'e rispinge ferlern gean. De rysfjildrôt is dêrmei yn Súdeast-Aazje fan alle kjifdieren it skealikste pleachdier.

Op it plattelân fan Tailân, benammen yn 'e provinsje Pathum Thani, wurdt de rysfjildrôt mei rottefâlen makke fan bamboe bejage foar it fleis. Ek yn Kambodja bart dat. Yn dat lân wurdt net folle rottefleis iten, mar is de eksport nei Fjetnam winstjaand. It hichtepunt fan 'e rottejacht falt yn juny en july, wannear't de rotten nei de rispinge net folle mear te fretten hawwe. Yn deselde snuorje wurde se troch oerstreamings feroarsake troch de moesson twongen om heger lein gebiet op te sykjen, dêr't de fâlen útset wurde.

Ynsafier bekend is de rysfjildrôt in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Quellen, op dizze side.