Rysfûgel
| Rysfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Padda oryzivora | ||||||||||||
| Linnaeus | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige | ||||||||||||
De rysfûgel (Padda oryzivora; synonymiem: Lonchura oryzivora) is in sjongfûgel út de famylje prachtfinken (Estrildidae). It fûgeltsje wurdt bytiden ek glatik neamd.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It rysfûgeltsje hat in swart kopke mei wite wangen en in read snaffeltsje. De boppekant en it boarst binne blaugriis en hy hat in swarte sturt. De búk is ljochtgriis mei in rôze skimer. De rysfûgel wurdt 14 oant 15 sm lang. Mantsje en wyfkes binne hast allyk.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is oarspronklik op Java en Baly en wie dêr oant yn 'e jierren 1960 in algemiene soarte yn in grut tal lânskippen, lykas gerslân, bosksavannes, mangroves, gebieten mei rysbou en doarpen en stêden.

Rysfûgels binne op in soad oare plakken yntrodusearre. Sa binne der stabile populaasjes yn Japan, Porto Riko, dielen fan Maleizje en Afrika en op Oahu en guon oare eilannen fan Hawaï.[1]
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rysfûgels ha slim te lijen hân fan 'e jacht yn 'e jierren 1960 en 1970. De fûgel is in populêre folièrefûgel en sa waarden der foar de hannel in soad fûgel út it wyld fongen. Ek waard de fûgel troch boeren as in pleachbist beskôge en hat de soarte te meitsjen mei it ferlies oan biotoop. In rûge rûzing giet fan in wylde populaasje fan 1.000 oant 2.499 fûgels út, dy't ek noch tige fragmintearre is. Dêrfandinne stiet de rysfûgel as bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
De rysfûgel stiet yn 'e Appendix II fan 'e CITES-oerienkomst. De hannel yn 'e soarte is dêrom net frij en bûn oan in fergunning.
Fûgelhokfûgel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rysfûgels briede maklik yn finzenskip. De soarte yt net pelde wite rys, wyt milletsied, gierst, hjouwer, kanaarjesied en grienfoer. Dêrnjonken ha er farsk drinkwetter, maachkizel en grân nedich. Ek moatte se gelegenheid ha om harren te baaien. Mei oare lytsere soarten is in grutte bûtenfolière in eask. Yn finzenskip binne ferskillende kleurmutaasjes fokt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
