Rykswettersteat
| Rykswettersteat | ||
| Kantoarpân fan Rykswettersteat yn Utert nei ûntwerp fan Jan Pesman | ||
| algemiene ynformaasje | ||
| ôfkoarting | RWS | |
| lân | ||
| haadkertier | De Haach | |
| type | agintskip | |
| oprjochte | 1848[1] | |
| falt ûnder | Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat | |
| fuortk. út | Bureau voor den Waterstaat[1] | |
| wurknimmers | 9.200[2] (2017) | |
| offisjele webside | ||
| www.rijkswaterstaat.nl | ||
Rykswettersteat (Nederlânsk: Rijkswaterstaat, gauris ôfkoarte ta RWS) is it útfierende agintskip ûnder it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat (foar 2010 it ministearje fan Ferkear en Wettersteat). Rykswettersteat waard yn 1848 oprjochte en folge syn foargonger, Bureau voor den Waterstaat op dy't yn 1798 oprjochte waard. It agintskip beheart en ûntjout haadwegen, haadfarwegen en haadwettersystemen. De haadtaken binne: it beskermjen fan Nederlân tsjin ooerstreamings; de berikbernes fan Nederlân, it ûnderhâld en ferbettering fan it wettersysteem. Sûnt 1 jannewaris 2024 is Martin Wijnen de direkteur-generaal.
De organisaasje is opboud út in sintrale organisaasje (bestjoer en bestjoerstêf) en organisaasje-ûnderdielen dy't lanlik en regionaal wurkje. Ein 2017 wurken der likernôch 9.200 meiwurkers by Rykswettersteat.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan Rykswettersteat leit yn 'e Frânske tiid (1795-1813). Dêr wie ferlet om't de steat fan 'e diken en rivierbêden dêr min oan ta wie, itjinge late ta rampsillige oerstreamings. Dat frege om in nasjonale oanpak. Oant doe ta lei de soarch oer it wetter fersnpele oer Ryk, provinsjes en pleatslike kriten. Dêrom waard yn 1798 it Bureau voor den Waterstaat oprjochte. Dy lei him ta oer it oanlizzen, behear en ûnderhâld fan rivieren, kanalen, wetterkearings en drûchmakkerijen (polders).
Yn 'e 19e iuw de organisaasje, benammen ûnder kening Willem I in grutte bloei. Dêr waard krapoan oan 500 km kanalen groeven en besteande wetterwegen waarden ferbettere. Ek ynvestearre de kening yn nije drûchmakkerijen.
Yn 1848 waard de organisaasje omneamd ta "Rykswettersteat" (Rijkswaterstaat). Dêrnei wreide it takeparket út troch it kommen fan nije ferfiermiddels, lykas de trein en auto. Rykswettersteat waard ferantwurdlik foar it ûntjaan fan it spoarwegenet. Ek it ûnderhâld fan brêgen en diken kaam ûnder de ferantwurdlikens.
Yn 'e 20e iuw beynfloeden wittenskiplike ûntjouwings it deistich wurk fan Rykswettersteat. Nije mjittechniken en better boumateriaal, lykas wapene beton, makken it mooglik hieltyd grutskaligere projekten te bouwen. Dêr koe grip op tij- en rivierstreamen by bemachtige wurde. It grutste projekt oant doe ta waard it Sudersee-projekt, mei it oanlizzen fan 'e Amsteldjipdyk (1927) en de Ofslútdyk (1932), it drûchlizzen fan 'e Wieringermar (1927), it Suderleech (1942), Eastlik Flevolân (1957) en Súdlik Flevolân (1967) en it oanlizzen fan 'e Houtribdyk (1975) foar in takomstich drûchlizzen fan 'e Markermar. Yn it ramt fan 'e wurkferskaffing yn 'e krisisjierren nei de Grutte Depresje waarden it Amsterdam-Rynkanaal en Twintekanaal oanlein. Ek troch it opkommen fan de loftfeart, radio en telefoan, en it oanlizzen fan ferskate diken en kanalen hold de organisaasje dwaande nettsjinsteande de ekonomyske krisis.
By it weropbouwen nei de Twadde Wrâldkriich wie Rykswettersteat belutsen bou it weropbouwen fan brêgen en waard it rykswegenet tige by tige útwreide. In soad nij asfalt waard oanlein Tusken 1945 en 1965 woeks it rykswegenet fan 100 km ta 600 km. Besteande autodiken waarden ferbrede en ferbûn en in soad krúspunten waarden ferfongen troch tunnels, fiadukten fly-overs.
It grutste projekt nei de krrich wiene de Deltawurken, fan nei de wettersneed fan 1953. Troch it drokker wurden fan de diken en farwegen yn 'e rin fan 'e 20e en 21e iuw bliuwt Rykswettersteat warber mei it ûnderhâld en oanpassen fan auto-, spaor, en wetterwegen. Ek troch de klimaatferoaring stiet de organisaasje foar útdagings troch it ferheegjen fan rivierdiken, nei oerstreamings yn 1993, 1995 en 2021 yn Limburch en it ferheegjen en fersterkjen fan 'e Ofslútdyk. Ek leefberens en mobiliteit bliuwe wichtige faktors.[1]
Boukeunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Wettersteatstsjerke.
Rykswettersteat hat yn 'e 19e iuw in soad ynfloed hân op 'e Nederlânske boukeunst. Tusken 1820 en 1880 wie Rykswettersteat ek Ryksboumaster. Ferskate oerheidsgebouwen en oare gebouwen mei in iepenbiere funksje, lykas fjoerturren, steamgemalen, finzenissen, postkantoaren en tsjerken waarden yn in neoklassisistyske styl boud, dy't hjoed-de-dei noch bekend steane as "wettersteatsyl". In grut tal fan dy gebouwen waarden letter gemeentlik- of ryksmonumint.[1]
Nijsgjirrich is, dat yn 'e 19e iuw dat in soad ûntwerpen fan tsjerken troch wettersteatsyngenieurs de tekentafel oergien binne. Yn dy iuw bemuoide de oerheid him ek nei it finansierjen en bou fan nije tsjerken, as oplossing foar it skeel tusken herfoarmen en katoliken oer it rjocht op 'e âlde tsjerkegebouwen. Dy wwiene nei de Reformaasje, op in pear nei, hast allegear yn 'e hannen fan 'e herfoarmen en de katoliken woene dy tsjerken wer weromhawwe yn 'e gebieten dêr't se yn 'e mearderheid wiene.Yn it suden koene de katoliken in soad gebouwen weromkrije, ta argewaasje fan 'e herfoarmen. Troch stipe fan 'e oerheid by nijbou fan tsjerken, waard it probleem oplost. Dêr't de herfoarmen in tsjerke oan 'e katoliken ôfstean moasten, waard mei oerheidsstipe in nije herfoarme tsjerke boud. Oarsom waarden in soad nije katolike tsjerken boud op plakke dêr't âlde tsjerken yn herfoarme hannen bleaune. Dy Wettersteatstsjerken skaaimerkje har gauris troch behindige en standerdisearre ûntwerpen, gauris mei goedkeap útfierde siersels dy't it gebou mear útstrieling jaan moasten. Yn hast alle gefallen binne dy tsjerken ûnder te ferdielen ûnder it neoklassisisme of de neogotyk, krekt wêr't de smaak fan dy snuorje wie. in echte Wettersteatstyl bestie net. Almeast waarden dy tsjerken ûntwurpen troch reguliere arsjitekten, yngenieurs en oannimmers en fersoarge Wettersteat allinnich it tafersjoch en goedkarren fan de plannen. In tal tsjerken waard lykwols ûntwurpen troch yngenieurs fan Wettersteat.
RWS Regionaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De regionale organisaasje-ûnderdielen, oant 2013 tsjinsten en oant 2004 direksjes neamd, foarmje de rêchstring fan Rykswettersteat. Oan it haad fan in regionale ienheid stiet de haadyngenieur-direkteur (HID). De regio is op syn bar wer ûnderferparte yn lokale distrikten, yn it resinte ferline tsjinstkringen neamd. eartiids hiene alle provinsjes harren eigen regioanle organisaasjes, mar sûnt 1994 binne der yn Noard-Nederlân (Fryslân, Grinslân en Drinte) en in jier letter yn East-Nederlân (Oerisel en Gelderlân direksjes gearfoege. Mei de reorganisaasje fan april 2013 waarden mear tsjinsten gearfoege en is de ferwizing nei provinsjenammen ferfallen. De folgjende ienheden wurde op it stuit ûnderskaat:
- RWS Noard-Nederlân, RWS NN (haadkantoar yn Ljouwert)
- RWS East-Nederlân, RWS ON (haadkantoar yn Arnhim)
- RWS Mid-Nederlân, RWS MN (haadkantoaren yn Lelystêd en Utert)
- RWS West-Nederlân Noard, RWS WNN (haadkantoar yn Haarlim)
- RWS West-Nederlân Súd, RWS WNZ (haadkantoar yn Rotterdam)
- RWS See en Delta, RWS ZD (haadkantoaren yn Middelburch en Rijswijk)
- RWS Súd-Nederlân, RWS ZN (haadkantoaren yn De Bosk en Maastricht)
Dy organisaasje-ûnderdielen fiere it belied fan Rykswettersteat út yn harren eigen regio en binne oansprekpunt foar regionale oerheden foar alle Rykswettersteatsoangelegenheden.
RWS Lanlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lanlik is de technyske en wittenskiplike kennis en it útfieren fan alle ûnderstypjende bedriuwsfiering byinoar brocht. Dat proses is fan de earste helte fan 'e 20e iuw ôf begûn mei it foarmjen fan spesjalistyske tsjinsten. It Undernimmingsplan 2015 fan Rykswettersteat hat in ympuls jûn om om 'e wurkprosessen hinne yn fierdere foarm te jaam ek fan d eoprasjonale skane.
As earste waard mei yngong fan 1 jannewaris 2012 in nije (operasjonele) tsjinst ûntstien: RWS Ferkears- en Wettermanagement (RWS VWM), dêr't de bestjinning fan 'e trije netwurksintrums yn ûnderbrocht binne.
- Ferkearssintrum Nederlân (haadkantoar yn Utert) foar it hiele haadwegenet,
- SkipfeartFerkearsSintrum (haadkantoar yn Rotterdam) foar it hiele haadfarwegenet,
- Wettermanagementsintrum Nederlân (haadkantoar yn Lelystêd) foar it hiele haadwettersysteem.
De fierdere konsintraasje fan kennis kaam yn april 2013 ree, doe't de folgjende nije ûnderdielen foar lanlike taken fan Rykswettersteat oprjochte waarden:
- RWS Wetter, Ferkear en Libbensomjouwing, RWS WVL (haadkantoaren yn Rijswijk en Lelystêd)
- RWS Sintrale Ynformaasjefoarsjenning, RWS CIV (haadkantoar yn Delft)
- RWS Grutte Projekten en Underhâld, RWS GPO (haadkantoar yn Utert)
- RWS Programma's, Projekten en Underhâld, RWS PPO (gevestigd te Utert)
Dêrnjonken binne der noch foar lanlike taken:
- Korporate Tsjinst, RWS CD (haadkantoar yn Utert) foar it algemiene ûnderstypjen op it mêd fan personiel, organisaasje administraasje en fasilitêre saken, en
de programorganisaasje:
- Romte foar de Rivier (haadkantoar yn Utert)
- NOVA (haadkantoar yn Utert) foar nije ûntjouwings
Ta einbeslút foar lanlike en taken boppe it ministearje hinne:
Ryksrederij (haadkantoar yn Rijswijk) selsstannich operearjende organisaasje, betsjinnet meardere ministearjes en falt ûnder Rykswettersteat. Oprjochte yn 2009.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele hiemside mei dêrûnder NOVA en Ryksrederij
- Ynfrastruktuer besibbe siden yn 'e Ryksbegrutting
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
