Rustenburg (plak yn Súd-Afrika)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Rustenburg
Rustenburg Collage.png
Basis ynformaasje
Lân flagge fan Súd-Afrika Súd-Afrika
Provinsje Noardwêst
Distrikt Bojanala
Gemeente Rustenburg
Gebiet 282,42   km² Stêd
Tal ynwenners 104 612 Stêd
Stifte 1850
Hichte 1.170 meter
Koördinaten 25° 40' SB, 27° 15' EL
Tiidsône UTC +2
Webside www.rustenburg.gov.za

Rustenburg is in stêd oan de foet fan de Magaliesberg-bergen yn de Súdafrikaanske provinsje Noardwêst, 112 kilometer noardwestlik fan Johannesburg. It is ien fan pakken yn it lân, dy't wat ynwennertal oanbelanget hurd waakst. Tichteby de stêd binne de twa grutste platinaminen en de grutste platinaraffinaderij fan 'e wrâld, Precious Metal Refiners (PMR). PMR produsearret likernôch 70% fan de platinaproduksje yn 'e wrâld. De rykswei N4 rint as in snelwei by de stêd lâns.

Rustenburg stiet bekend om syn noflike waar. De lokale lânbou produsearret sitrusfruchten, tabak , pinda's, sinneblompitten, maïs, weet en fee.

Yn Rustenburg stiet it Royal Bafokengstadion mei 40.000 sitplakken. It stadion wie ien fan de plakken dêr't yn 2010 spile waard om de kup fan it Wrâldkampioenskip fuotbal 2010.

Krekt noardlik fan Rutsenburg leit it Nasjonale park Pilanesberg mei grinzgjend dêroan Sun City.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlânsk Herfoarme tsjerke

Rustenburg waard yn 1850 troch foartrekkers stifte as bestjoerlik sintrum foar it omlizzende plattelân. Neffens dûmny Lion Cachet krige it plak de namme "om't de Boeren dêr minder te lijen hiene fan ynfallen fan lânseigen stammen", it wie om it sa te sizzen in rêstich plak. Op 11 febrewaris 1859 waard troch Dirk Postma de lokale grifformearde tsjerke yn Rustenburg stifte. Guon fan de earste sittings fan it Transvaalske parlemint fûnen al yn 1852 plak yn Rustenburg. De presidint fan de Súdafrikaanske Republyk (Transvaal ) Paul Kruger kocht yn 1863 Boekenhoutfontein, in buorkerij fan 5 km² noardwestlik fan Rustenburg. Yn 1971 waard de restauraasje fan de pleats foltôge, dy't útfierd waard troch de arsjitekt Johan de Ridder. Nei de restauraasje waard de pleats op de monumintelist ynskreaun. De pleats bestiet út trije gebouwen mei al it orizjinele meubilêr fan Paul Kruger.

Yn Thlabane, in doarp bûten Rustenburg, setten tsjin it midden fan de 19e iuw likernôch 1000 Afrikaansktalige Tswana's mei stipe fan it parlemint harren nei wenjen. Dat wiene minsken dy't lang op buorkerijen wenne hiene en njonken de taal ek de wensten fan de Afrikaners oernommen hiene. Troch brek oan ynfrastruktuer koene hja bygelyks gjin Afrikaansk ûnderwiis folgje of nei de tsjerke gean sadwaande is dy mienskip oergien op Tswana en Ingelsk as taal thús.

Boerenkrigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de earste Britske besetting fan 1877 bouden de Ingelsen yn de kriich fan 1880-1881 in fort. De oanfal fan de Boeren op it fort wisten de Ingelsen ôf te slaan. Ek yn de Twadde Boere-oarloch waard om it gebiet fochten by Buffelspoort, Moedwil, Kosterrivier en Olifantsnek.

De famylje Bhyat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de earste bewenners fan Rustenburg wiene ek kolonisten fan Yndiaaske komôf. De famylje Bhyat levere in grutte bydrage oan de skiednis fan Rustenburg, om't dy in izerhannel besiet, dy't foar de Boeren fan grut belang wie yn de kriich tsjin de Ingelsen. Foar de leverings troch de famylje waard yn goud betelle. Nei de famylje waard letter in strjitnamme ferneamd.

Talen (sifers fan 2011[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronne en Verwysings, op dizze side.