Rust Never Sleeps (album)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Rust never sleeps is in album út 1979 fan de Kanadeeske sjonger, gitarist en lietsjeskriuwer Neil Young. It grutste part fan it album is live opnaam by in konsert yn San Fransisko en letter oanpast yn de studio. Hoewol’t it lûd fan it publyk sa folle mooglik fuorthelle is, is it op sommige mominten noch goed te hearren. De earste helte fan it album bestiet út akoestyske ferskes en de twadde helte út elektryske. It begjint mei “My my, hey, hey (out of the blue)” en it einiget mei in oare ferzy fan dat selde ferske “Hey hey, my my” (into the black)”. It ferske “Sail away” is opnaam tidens de sesjes foar it album “Comes a Time” mei Nicolette Larson (sang), Joe Osborne (basgitaar) en Carl Himmel (drums) en “Pocahontas” waard troch Neil Young solo opnaam.

Tracklist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It album bestiet út de folgjende lieten.

  • My My, Hey Hey (out of the blue)*****
  • Trasher ****
  • Ride my Llam***
  • Pocahontas****
  • Sail away***
  • Powderfinger*****
  • Welfare mothers****
  • Sedan delivery****
  • Hey Hey, My My*****

De stjerren jouwe de beoardieling oan fan de lieten troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Music Guide “ wurde de albums fan in bepaalde artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fiif stjerren krigen.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Neil Young (sang, gitaar, harmoanika)
  • Frank Sampredo (gitaar en sang op side 2)
  • Billy Talbot (bas, sang op side 2)
  • Ralph Molina (drums, sang op side 2)
  • Nicolette Larson (sang op “Sail away”)
  • Karl T. Himmel (drums op “Sail away”)
  • Joe Osborn (bas op “Sail away”)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]