Russell Harmer
| Russell Harmer | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Russell Thomas Harmer | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 5 novimber 1896 | |
| berteplak | Cambridge | |
| stjerdatum | 31 oktober 1940 | |
| stjerplak | Rackheath | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynformaasje | ||
| sport | silen | |
| ûnderdiel | 6m R-klasse | |
| O.S. | Berlyn 1936 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Russell Thomas Harmer (Cambridge, 5 novimber 1896 - Rackheath, 31 oktober 1940) wie in Ingelsk siler.
Hy wie de soan fan zoöloog Sidney Frederic Harmer. Hy waard oplaat oan de Uppingham School en de Royal Military Academy yn Woolwich. Yn 1915 sleat er him oan by it Royal Corps of Signals. Yn de Earste Wrâldkriich rekke er ferwûne; hy berikte de rang fan kaptein. Nei de Earste Wrâldoarloch waard er kleanferkeaper.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Kiel Olympysk kampioen, yn de 6m R-klasse mei Miles Bellville, Charles Leaf, Leonard Martin en Christopher Boardman. De 6m R-klasse is in mearpersoansboat. It boatsje hat in lingte fan ungefear 7 meter, in breedte 1,78 meter en in djipgong fan 1,70 meter; it grutseil mjit 43 m².
Russell Harmer ferstoar op 31 oktober 1940, yn 'e âldens fan 44 jier, nei in lang siik wêzen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|