Rupert Bruce-Mitford

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Rupert Leo Scott Bruce-Mitford (Streatham (Londen), 14 juny 1914 - 3 oktober Oxford, 1994) wie in Britsk archeolooch dy't bekend waard fan syn ûndersyk nei, en publikaasjes oer, it skipsgrêf fan Sutton Hoo.[1]

Bruce-Mitford wurke fan 1938 ôf oan foar it Britsk Museum, Londen, by it Department of British and Mediaeval Antiquities, en doe't de skat fan Sutton Hoo oan de steat kaam yn 1942, krige hy de lieding oer it ûndersyk fan de fynsten. Der hat er sa'n 40 jier mei dwaande west wylst er ferbûn wie oan it Britsk Museum. Hy waard ek foarsitter fan de Society of Antiquaries of London.
Utsein in peroade yn de Twadde Wrâldoarloch doe't er militêr wie, hat er sûnder ûnderbrekking by it Britsk Museum wurke oant 1977, as konservator (twa kear) en ûndersiker.

Hy makke teffens in Ingelske oersetting fan in boek fan de de Deenske archeolooch P.V. Glob, The Bog People (1965).

Bruce-Mitfort boaske trijris en krige trije bern by syn earste wiif Kathleen Dent.

Wichtichst wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2005: The Corpus of Late Celtic Hanging-Bowls (postúm; red. Sheila Raven)
  • 1975: The Sutton Hoo Ship Burial (mei A. C. Evans)
  • The Bog People: Iron Age man preserved
  • 1997: Mawgan Porth; a settlement of the Late Saxon Period on the north Cornish coast: excavations 1949-52, 1954 and 1974 Londen: English Heritage ISBN 1-85074-613-3 (postúm)
  • Aspects of Anglo-Saxon Archaeology: Sutton Hoo and other discoveries ISBN 0-575-01704-X

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rupert Bruce-Mitford