Springe nei ynhâld

Rudolf fan Diepholt

Ut Wikipedy
Rudolf fan Diepholt
Rudolf von Diepholz
Biskop fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke
wapen
persoanlike gegevens
bertedatum1401
berteplakDiepholz
stjerdatum24 maart 1455
stjerplakFollenhove
tsjerklik wurkpaad
1423-1455biskop fan Utert
1454-1455biskop fan Osnabrück
gegevens bisdom
bisdomprinsbisdom Utert
foargongerSweder fan Kulemboarch
opfolgerGijsbrecht fan Brederode
Stiennen byld fan Sint-Martinus ôfkomstich fan de grêftombe fan Rudolf fan Diepholt yn 'e Dom, Museum katalogus 27 - Utert - 20232098 - RCE

Rudolf fan Diepholt of Rudolf von Diepholz (Diepholz, 1401 - Follenhove, 24 maart 1455) wie biskop fan Utert fan 1423 oant 1455 en biskop fan Osnabrück fan 1454 oant 1455.

Hy stamme út 'e famylje fan de greven fan Diepholz. Syn heit wie greve Johann III von Diepholz (ferstoarn yn 1422) en syn mem wie Kunigarde út it hûs fan de greven fan Aldenburch. Hy wie de broer fan greve Konrad IX von Diepholz (ferstoarn yn 1426) en omke fan Otto IV von Diepholz (ferstoarnn yn 1481).

As jongste soan sleat Rudolf him oan by de geastlikheid. Tusken 1412 en 1436 wie er domproast yn it domkapittel fan Osnabrück.

Nei it ferstjerren fan Freark fan Blankenheim yn 1423, waard op oantrúnjen fan it ridderskip en de stêden fan it bisdom Utert, waard er troch it pleatslik generaal kapittel ta biskop keazen. Dy kar waard net troch paus Martinus V erkend. Dêr ynstee fan beneamde er yn 1424 Rabanus fan Helmstatt, biskop fan Spiers ta biskop fan Utert. Doe't dy fan dy funksje ôfgie, joech de paus yn 1425 it bisdom oan 'e domproast fan Utert, Sweder fan Kulemboarch. Rudolf akseptearre de bemuoienis fan 'e paus net en dêr ûntstie in skisma yn 'e Utertske tsjerke. Yn it Oerstift koe Rudolf him hanthavenje. Yn it Nederstift wie er regint mei in mandaat fan de stannen. Nei't Filips fan Boergonje, dy't tagelyk ek greve fan Hollân wie, en de hartoch fan Gelre yn 1428 de kant fan Rudolf keazen, hie syn tsjinstanner net folle kâns mear om him te hanthavenjen.

Paus Eugenius IV joech Sweder fan Kulemboarch it titulêre bisdom Caesarea en befêstige Rudolf as biskop fan Utert. Sweder akseptearre dat beslút lykwols net en kearde him ta it Konsylje fan Basel. Dat ferklearre it beneamen fan Rudolf net jildich. Syn tsjinstanners yn it domkapittel keazen doe yn 1434 Walraven fan Meurs ta biskop. De ferkiezing fan Walraven waard troch de Konsylje lykwols erkend, dochs hy koe him ek net tsjin Rudolf trochsette.

Rudolf waard erkend en stipe troch Eugenius IV, de wrâldske stannen fan it bisdom en ek troch de mearderheid fan it generaal kapittel. Walraven loek him yn 1449 werom en waard dêr ynstee fan biskop fan Múnster. Mei de stipe fan Filips fan Boergonje, dy't greve fan Hollân en Seelân wie, slagge Rudolf dêr yn syn ynkommen út belestings te ferbetterjen en syn posysje dêr yn it algemien mei fuort te sterkjen.

Dêr ûntstie in skeel mei it bisdom Múnster oer it geestlik bewâld oer it hartochdom Kleef. Hartoch Adolf I hie de paus earder al frege en draach dy rjochten fan Múnster oer ta oan Utert. Dat late ta in djoere kriich tusken biskop Hindrik fan Moers en Rudolf. Dy lêste koe de striid bekostigje troch belestings te ferheegjen. De stannen en benammen de stêd Utert fersetten dêr har tsjin en ferdreaune Rudols yn 1448/49 tydlik út syn hearskippijgebiet.

Rudolf slagge en kom ta in akkoart mei Hindrik fan Múnster. Mar hy hie ek bannen mei syn âlde rivaal Walraven fan Meurs. Hy hie ferskate militêre suksessen, lykas it oermasterjen fan Vreden. Syn striidkrêften diene ek mei oan 'e slach by Verlar dy't er wûn. Ek dy kriich koste in soad en fannijs ûntstie der in skeel mei de stêd Utert en de geestlike stannen.

Earder wie er yn 1454, nei't er him foar de paus en tsjin it konsylje útsprutsen hat, beneamd ta administrateur fan Osnabrück. Om't er rillegau dêrnei ferstoar, hie er dêr krapoan noch wat dwaan kinnen. Syn opfolger yn Osnabrück wie Koenraad III fan Diepholz.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Pieter Lodewijk Muller: Rudolf von Diepholz. Yn: Allgemeine Deutsche Biographie (ADB). Band 29, Duncker & Humblot, Leipzig 1889, S. 562 f.
  • Thomas Vogtherr: Rudolf v. Diepholz. Yn: Neue Deutsche Biographie. (NDB). Band 22. Duncker & Humblot, Berlyn 2005, ISBN 3-428-11203-2, S. 189–190 (deutsche-biographie.de).