Rucphen (gemeente)
Rucphen | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Rucphen is in gemeente tusken Roosendaal en Etten-Leur yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente hat 23.927 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan goed 64 km² (wêrfan 0,70 km² wetter).
De gemeente bestiet út fiif plakken:
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1810 makke de gemeente diel út fan oan 'e iene kant de barony fan Breda en oan 'e oare kant it markizaat fan Bergen op Soom. Yn 1809 hawwe mear as 60 promininte ynwenners fan Sprundel in útwrydsk fersyk yntsjinne by Loadewyk Napoleon, kening fan Hollân, mei it fersyk om in ein te meitsjen oan 'e bestjoerlike ferdieldheid fan harren doarp en foar it grûngebiet fan 'e parochy Sprundel in apart selstannich bestjoer te beneamen. Op 8 novimber 1810 waard it offisjele dekreet ûndertekene. De nije gemeente waard ferneamd nei it plak dat it earst neamd waard en krige de namme la commune de Sprundel.
It grûngebiet bestie út:
- it doarp Sprundel (oant dan ferdield yn Sprundel-Hertog en Sprundel-Nassau, mei tegearre 800 ynwenners;
- de hearlikheid Voorenseinde mei 136 inwoners;
- de hearlikheid Rucphen, dêr't ek de doarpen St. Willebrord en Schijf foar in grut part ûnder foelen, mei foar Rucphen 536 ynwenners, St. Willebrord 350 ynwenners en Schijf 100 ynwenners;
- de hearlikheid Langendijk mei de Nederheide (243 ynwenners);
- de hearlikheid Zegge mei de kertieren: Noordhoek, Heesterbos, Hooghei en Lage Zegge, tegearre 347 ynwenners.
Mei-inoar hie de gemeente doe goed 2500 ynwenners.
Alhoewol't der letter wat grinskorreksjes makke binne, bestie de gemeente Rucphen yn 2010 200 jier. Der bleau lykwols lang wat ûnwissichheid oer de krekte namme; somtiden waard it oantsjut as de gemeente Sprundel, somtiden ek as de gemeente Rucphen en Sprundel of oars as Rucphen en Vorenseinde en ek as Rucphen ca. Yn 1953 waard dêr in ein oan makke doe't by in grinskorreksje tusken de gemeenten Rucphen, Hoeven en Etten en Leur, besletten waard dat de offisjele namme Rucphen wêze soe.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rucphen wie yn juny 2010 yn it nijs om't it de gemeente wie mei it heechste persintaazje PVV-stimmers by de lanlike ferkiezings fan dat jier: 38,7% fan 'e ynwenners fan Rucphen stimde op de PVV. Yn maart 2011 stie de gemeente wer op it earste plak op 'e ranglist, no by de provinsjale ferkiezings om't Rucphen mei 39,7% lanlik de leechste opkomst hie. By de Twadde Keamerferkiezings fan 12 septimber 2012 wie Rucphen ek ien fan 'e pear gemeenten dêr't de PVV de grutste partij bleau. Histoarysk stimt Rucphen boppegemiddeld konservatyf. Lykas de PVV it yn 2010 bysûnder goed die, krige de LPF yn 2002 31% yn Rucphen fan 'e stimmen tsjin lanlik 17%, de Sintrumdemokraten hellen yn Rucphen 9% yn 1994 (lanlik 2%) en de Boerepartij 21% yn 1967 (lanlik 5%). By de Twadde Keamerferkiezings fan 2023 stimde 53,8% fan 'e kiezers op 'e PVV.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |