Springe nei ynhâld

Rouwever

Ut Wikipedy
Rouwever
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeweverfûgels (Ploceidae)
skaaiwevers (Ploceus)
Reichenbach, 1863
soarte
Ploceus nigerrimus
Barboza du Bocage, 1876
IUCN-status: net bedrige

De rouwever (Ploceus albinucha) is in wever út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

De rouwever is in swarte boskwever mei wite eagen. Yn it westlike diel fan it ferspriedingsgebiet hat de soarte in sulvergrize nekke, mar de eastlike fûgels binne folslein swart. De populaasjes yn it westen binne hast allyk oan 'e populaasjes fan 'e swarte wever, mar ûnderskiede har mei in tinnere, puntige snaffel. In oar ferskil is it habitat fan 'e rouwever, dat út boskrike gebieten bestiet.

De rouwever is yn twa groepen mei trije ûndersoarten ferdield en hat de folgjende fersprieding:

De soarte komt foar yn leechlânbosken en bosken op útrinners fan heuvels. Se wurde yn lytse groepkes of yn groepen mei oare soarten waarnommen en bouwe harren nêsten somtiden yn grutte koloanjes fan 'e eigen soarte of mei oare soarten.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: