Rottefanger


In rottefanger is ien dy't rotten fangt, om sa de populaasje beheind te hâlden. Eartiids waarden rotten fongen om ûnder oare de pest te bestriden. Yn in soad ûntwikkele lannen is noch mar in beheind tal rottefangers aktyf. Yn Nederlân is de bestriding fan de muskusrôt, eins gjin rôt mar in wrotmûs, aktueel.
Techniken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rattefangers kinne besykje sels rotten te fangen of 'rottefangers' loslitte, bisten dy't traind binne of fan natuere bedreaun binne yn it fangen fan rotten. Se kinne ek in rottefal of oare fallen sette.
Moderne metoaden om rotten te bestriden binne fallen, fergiftige aas, it yntrodusearjen fan rôfbisten, it ferminderjen fan swalkôffal, reekmasines en it romjen fan hjoeddeiske of potinsjele nêstplakken. [1]
Risiko's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rotten wurde selden yn'e iepen loft sjoen en ferstopje harren leaver yn hoalen, heabergen en tsjustere plakken. It risiko dat in rottefanger biten wurdt is frij heech, lykas it risiko om in sykte te skypjen troch in rottebyt.
Rottefangers yn de keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Rottefanger, 18e iuw
-
Rottefanger, 19e iuw
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rottefangers fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |