Rotsmosk
| Rotsmosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Petronia petronia | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De rotsmosk (Petronia petronia) is in fûgel út 'e famylje fan ' e rotsmosken (Petronia).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsmosk is in grutte en krêftige moskfûgel fan 15 oant 17 sintimeter en in spanwiidte fan 21 oant 23 sintimeter. Underskiedend is in tige dúdlike rjemmekleurige wynbraustreek en in fletsere streek oer de krún. Op 'e rêch hat de soarte sânkleurige streken en de sturt is brún mei ljochte plakjes. De donkere fearren fan 'e wjukken ha ljochte rânen. De ûnderkant is ljocht mei lange grize streken. Op 'e kiel hat er in giel plak, dy't net altiten goed te sjen is. Dat plak is belangryk yn it briedseizoen om de status te markearjen. De skaaien binne lyk oan inoar.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsmosk wurdt yn Súd-Europa en Noard-Afrika eastlik troch it noardlike Midden-Easten oant Mongoalje oantroffen. It Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres (IOC) ferdielt de fûgel yn sân ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Petronia petronia petronia – Kanaryske Eilannen en Madeira, lykas ek Europa eastlik oant Bulgarije en fierder yn westlik Anatoalje.
- Petronia petronia barbara – Noard-Afrika fan Marokko oant Algerije, Tuneezje en westlik Lybje.
- Petronia petronia puteicola – súdlik Turkije oant súdlik Syrje noardlik Israel en Jordaanje.
- Petronia petronia exigua – Sintraal-Turkije oant de noardlike Kaukasus, noardlik Irak en noardlik Iran.
- Petronia petronia kirhizica - Beneden-Wolga nei de Turgay-delling yn Kazachstan en de Aralmar.
- Petronia petronia intermedia – Transkaspyske regio oant Iran, noardlik Afganistan, Pamir en westlik Kunlunberchtme.
- Petronia petronia brevirostris – eastlik Sibearje oant Mongoalje, noardwestlik Mantsjoerije en noardlik Sichuan yn súdwestlik Sina.
De fûgel is benammen in stânfûgel, yn it easten foar in part in trekfûgel. Nei it brieden ferspriedt de soarte him wat en yn 'e winter siket er legere gebieten. Benoarden syn ferspriedingsgebiet is er in tige seldsume dwaalgast.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsmosk libbet yn beamleaze lânskippen, fan woastyneftige steppes oant rotsige hellingen en ravinen. Yn Spanje komt er ek faak foar yn iepen bosk- of parklânskip mei bygelyks Pinus pinaster. Hy wurdt ek faak sjoen op syk nei iten yn lânbougebieten, wyngerds, olivebosken, om âlde gebouwen hinne en yn guon gebieten tichtby minsken. De rotsmos yt benammen sied, mar ek lytse beien en yn it briedseizoen ek termiten en kevers.

De fûgel briedt fan maaie oant augustus yn pearen of yn losse koloanjes. It wyfke leit fjouwer oant sân aaien yn in suterich gersnêst yn in rotsspjalt of yn in gat yn in gebou.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje en der wurdt oannommen dat de populaasje groeit. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt op 21,6 oant 46,7 miljoen folwoeksen fûgels rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Rotsmosk
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
