Rotsamarant
| rotsamarant | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lagonosticta sanguinodorsalis | ||||||||||||
| Payne, 1998 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De rotsamarant (Lagonosticta sanguinodorsalis) is in fûgel út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De fûgel komt foar yn it noarden fan Nigearia en yn it noarden fan Kameroen.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsamarant is likernôch 10 oant 11 sm lang. It mantsje hat opfallend mear read op 'e rêch as oare mantsjes yn it skaai, dy't faak in brune of grize rêch hawwe. De kop en it boarst binne djipread, wylst de wjukken brúnich binne. De snaffel is blaugriis. Hy liket in soad op 'e donkerreade amarant, mar hat in snaffel dy't dúdliker twakleurich is. Oer it gehiel is hy ek helderder fan kleur en by beide skaaien is de rêch mear readich. Hy liket ek op 'e swartbúkamarant, mar hat minder swart op 'e búk.
It wyfke is folle bleker fan kleur, mei mear brúngrize ferskillen, mar sy hat wol de karakteristike reade stút.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas de namme al seit, libbet dizze fûgel yn rotseftich gebieten mei lytse strûken en gers, benammen op it Josplato yn Nigearia. In twadde ferspriedingsgebiet leit yn it Mandaraberchtme yn it grinsgebiet fan Nigearia en Kameroen. Der wurdt gjin ûndersoarte erkend. De fûgel waard pas yn 1998 wittenskiplik beskreaun.
Briedparasyt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rotsamarant is nau mei de Vidua maryae ferbûn, in briedparasyt dy't syn aaien allinnich yn 'e nêsten fan 'e rotsamarant leit. De piken fan dy soarte lykje in soad op dy fan 'e rotsamarant.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folwoeksen fûgels ite benammen gerssied.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it ferspriedingsgebiet fan 'e rotsamarant relatyf lyts is, wurdt de populaasje as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern).
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e avikultuer komt de rotsamarant sa goed as net foar. Troch syn tige spesifike leefgebiet en de lette ûntdekking is der mar sa'n bytsje oer it hâlden fan dizze fûgels yn finzenskip bekend.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
