Springe nei ynhâld

Rotonda fan Sint-Laurentius

Ut Wikipedy
Rotonda Sint-Laurentius
Rotonda di San Lorenzo
Lokaasje
lân Itaalje
plakMantua
koördinaten45°9' N 10°47' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomMantua
aartsbisdomPiazza Erbe
patroanhilligeLaurentius fan Rome
Arsjitektuer
boujier11e iuw
boustylromaanske arsjitektuer
Kaart
Rotonda fan Sint-Laurentius (Itaalje)
Rotonda fan Sint-Laurentius

De Rotonda fan Sint-Laurentius (Italjaansk: Rotonda di San Lorenzo) is in tsjerkegebou yn Mantua yn 'e Noard-Italjaanske regio Lombardije.

It is de âldste tsjerke yn 'e stêd. De tsjerke leit likernôch oardel meter ûnder it strjitnivo fan 'e Piazza della Erbe en stiet nei alle gedachten op it plak fan in Romeinske timpel dy't wijd wie oan 'e goadinne Venus.

Ynterieur.

De tsjerke waard op oantrunen fan Mathilde fan Canossa boud ûnder it bewâld fan 'e famylje Canossa yn 'e lette 11e iuw. De tsjerke stiet yn 'e tradysje fan 'e Hillige Grêftsjerke yn Jeruzalim en is wijd oan de martelder Sint-Laurentus. It gebou is in sintraalbou en hat âlde eleminten lykas in matroneum (galerij foar froulike leauwigen). Yn 'e tsjerke binne restsen fan fresko's fan 'e Byzantynske skoalle út 'e 11e-12e iuw bewarre bleaun. In oar freskofragment yn 'e apsis dat it martlerfom fan Sint-Laurentus útbyldet datearret út 'e 15e iuw.

De konstruksje is neffens de Langobardyske tradysje yn bakstiennen útfierd, mar hat twa pylders en oare moarmeren details ôfkomstich fan âlde gebouwen.

Nei de ûntwijing yn 'e 16e iuw waard de eardere tsjerke oan 'e grins fan it joadske getto fan Mantua brûkt foar wenten, winkels en opslach. Yn 'e rin fan 'e tiid ferdwûn de tsjerke efter gebouwen en tafoegingen op 'e tsjerke.

Yn 1908 waard it gebou ûnteigene en waard de sloop tastien. By de ôfbraak kaam de Rotonda hast hielendal wer foar it ljocht. De tsjerke waard befrijd fan alle tafoegingen en bouwurken, dy't it útsicht op 'e tsjerke weinamen. Tusken 1908 en 1911 is de tsjerke rekonstruearre. Yn 1926 waard de tsjerke op 'e nij wijd en yn it behear fan 'e Dominikanen jûn en sûnt is de tsjerke as parochytsjerke wer iepene.


Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Rotonda di San Lorenzo