Springe nei ynhâld

Roti (eilân)

Ut Wikipedy
Roti
geografy
ûnderdiel fanLytse Sûnda-eilannen
lân Yndoneezje
provinsjeEast-Nusa Tenggara
koördinaten10°45'S 123°8'E
algemien
haadstêdBa'a
ynwennertal152.000–153.000 (2024)[1]
befolkingstichtens126,0 / km²
sifers
oerflak1.214 km²
heechste punt444 m
kaart
Roti (Yndoneezje)
Roti

Roti is in Yndonezysk eilân (oerflak: 1200 km²). It is it súdlikste eilân fan Yndoneezje en makket diel út fan 'e Lytse Sûnda-eilannen (ek wol Nusa Tenggara neamd ). Roti leit 500 kilometer fan 'e Australyske kust en 170 kilometer fan 'e eilannen Ashmore en Cartier. Noardeastlik leit it eilân Timor, dêr't it fan skieden wurdt troch de Strjitte fan Roti.

Tegearre mei teminsten trettjin lytsere eilannen dy't net fier fan 'e kust lizze, wêrûnder Ndao, foarmet Roti it regintskip Rote Ndao, in ûnderdiel fan 'e provinsje East-Nusa Tenggara.

Ynwenner mei de Ti'i langga op.

Mear as 90% fan 'e befolking is kristlik. In lytse minderheid is islamitysk en in noch lytsere minderheid hindoe. Op it eilân wurde in grut oantal ferskillende lokale talen praat.

Hiel opfallend is de Ti'i langga, in brede hoed fan reid mei in ienhoarneftige pyk. De pyk is mooglik ynspirearre op 'e plûmen fan 'e hoeden fan Portegeeske manlju, de earste Europeanen dy't de eilannen besochten. De tradysjes, rituelen en ambachten binne ek hjoed-de-dei belangryk. Sa wurdt muzyk makke mei de sasando, in tradysjoneel snaarynstrumint en wurdt der troch de befolking ikatstof produsearre.

It eilân is bekend om syn útsûnderlik moaie strannen. It klimaat is tropysk mei in drûge tiid fan july oant oktober en in wiete tiid fan novimber oant maart. Fanwegen de isolearre lokaasje fan it eilân binne der ferskillende endemyske bisten. In oantal gekko-soarten komme allinnich op Roti foar. De tige bedrige Rotilangnekkeskyldpod (Chelodina mccordi) libbet yn guon marren op Roti. De koraalriffen ha in grut ferskaat oan fisken en op 'e sânbanken mei seegers foerazjearje dugongs (Dugong dugon). Op guon dûklokaasjes kinne manta's (Manta birostris) sjoen wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: