Springe nei ynhâld

Rote Armee Fraktion

Ut Wikipedy
Rote Armee Fraktion
emblemen
algemiene ynformaasje
ôfkoartingRAF
nasjonaliteit West-Dútsk
type org.Terroristyske organisaasje
haadkertierWest-Dútslân
oprjochte1970
opdoekt1998
oprjochterAndreas Baader,
Gudrun Ensslin,
Horst Mahler,
Ulrike Meinhof
aktyf ynEuropa, mar benammen yn de Bûnsrepublyk
IdeologyKommunisme
DoelstellingWapene ferset tsjin kapitalisme en ymperialisme
MetoadenBomoanslaggen en moardoanslaggen

De Rote Armee Fraktion (RAF) wie de aktyfste nei-oarlochske lofts-ekstremistyske terreurgroep yn it doetiidske West-Dútslân. De RAF waard troch de West-Dútske oerheid konsekwint oanmurken as in kriminele groepearring mei de namme Baader-Meinhof-binde. De organisaasje waard yn 1970 oprjochte troch ûnder mear Horst Mahler, Gudrun Ensslin en Andreas Baader, dy't letter selskip krigen fan Ulrike Meinhof. De groep wie ferantwurdlik foar nei alle gedachten op syn minst 34 moarden en gâns bankoferfallen en bomoanslaggen. Yn 1998 melde de RAF dat se harsels opheft hiene.

Yn de perioade 1970-1988 plege de RAF foaral oanslaggen op leden fan it regear, bedriuwslibben en feilichheidstsjinsten yn West-Dútslân. Hoewol't it krekte tal slachtoffers dreech te bepalen is, is dúdlik dat harren terreuraktiviteiten in grutte tol easken, benammen yn Dútslân sels. It wie ien fan de meast gewelddiedige terroristyske groepearringen yn de skiednis fan West-Europa.

Ynsidinteel die bliken dat de organisaasje ek oanwêzich wie yn Nederlân, dat nei alle gedachten as skûlplak en útfalsbasis brûkt waard. Dêr die by min ofte mear tafallige konfrontaasjes fan bliken mei de Nederlânske plysje. Op 22 septimber 1977 waard yn Utert de brigadier Arie Kranenburg deasketten en de haadagent-resjersjeur Leen Pietersen ferwûne troch kûgels út it wapen fan RAF-lid Knut Folkerts en syn freondinne Rosela Dietrich, en by in plysje-ûndersyk yn in flat yn Amsterdam-Osdorp waarden dêr de fingerprinten oantroffen fan RAF-leden Christoph Wackernagel en Rolf Clemens Wagner, dy't fertocht waarden fan belutsenheid by de ûntfiering en de moard op de West-Dútske wurkjouwer-foarsitter Hanns Martin Schleyer, prokureur-generaal Siegfried Buback en bankier Jürgen Ponto. Wackernagel en Gert Schneider, in oar RAF-lid dat foar Wagner oansjoen waard, wiene letter belutsen by in sjitpartij oan de Pieter Calandlaan yn Amsterdam-Osdorp wêrby't de Nederlânske plysjeminsken Piet Zoet, Joop Serno en Herman van Hoogen ferwûne rekken. Ek yn oare Europeeske lannen wiene der slachtoffers, lykas yn Frankryk (1 deade yn 1975) en Sweden (2 deaden yn 1975). Yn West-Dútslân sels wurde yn totaal op syn minst 34 deaden en 58 ferwûnen taskreaun oan terreur-aksjes fan de RAF.

Bennammen yn de studintebeweging ûntstie der oan de ein fan de sechstiger jierren in groeiende ûnfrede oer it feit dat in soad bestjoerders út it nazy-tiidrek noch hieltyd 'waakten' oer de fûneminten fan de (West-)Dútske mienskip. Dit besef gie lykop mei in krityske analyze fan it kapitalisme en de konsumpsjemaatskippij. Ien fan de doelen fan de Rote Armee Fraktion wie om skjin skip te meitsjen mei de kapitalistyske oarder fan de Dútske maatskippij. It realisearjen fan dit doel seach de groep, yn it him ûndergrûnsk, bewapene tsjin dit systeem fersette.

De namme fan de groep wie ôflaat fan it Japanske Reade Leger, de term "Fraktion" (in ienheid binnen de kommunistyske beweging) waard tafoege om it ferbân mei de ynternasjonale marksistyske striid te beklamjen. De organisaasjestruktuer en hannelwizen wiene foar it grutste part ynspirearre op de Tupamaros, de loftse stedsguerrilla út Oerûguay, en de Braziliaanske ALN (Nasjonale Befrijingsaksje) fan Carlos Marighella, en mei de frijheidsstriders fan de Palestynske diaspora. It is bekend dat der bannen wiene mei de doetiidske Dútske Demokratyske Republyk (DDR). Sa waard oan Inge Viett, lid fan de RAF én de Beweging fan de Twadde Juny, ûnderdak jûn troch de DDR. Bûten de streekrjochte politike belangen yn it ramt fan de Kâlde Oarloch hie de DDR der belang by om op'e hichte te wêzen fan aksjes fan beide groepearringen, om har Stasi-spionnen yn it Westen gjin gefaar rinne te litten as gefolch fan de ferhege paraatheid fan it regear fan de Bûnsrepublyk.

Foar safier bekend wurke de RAF gear mei in pear oare organisaasjes, nammentlik mei it PFLP, en letter mei de Belgyske CCC en de Frânske Action direkte. Der waarden middels dield, lykas wapens en springstof, of se holpen inoar mei de oanskaf derfan. Ek finansjeel stie men inoar by. Dêrneist folgen RAF-leden trainingen yn kampen en krigen se de beskikking oer skûlplakken. Dit soe ûnder mear barre yn de DDR en it Midden-Easten.

Oer de krekte tadracht en de mjitte fan gearwurking is gjin wissichheid. De gemiene dieler fan de partijen wie faak inselde strategyske analyze fan it kapitalisme en ymperialisme. Ek mei de Brigate Rosse, ETA en de IRA soe nei't sein wurdt in gearwurking west hawwe.

Earste generaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De leden fan de saneamde earste generaasje (besteande út Andreas Baader, Gudrun Ensslin, Horst Mahler, Ulrike Meinhof, Jan-Carl Raspe en ferskate oaren) wiene fan 1970 oant en mei 1972 aktyf. Yn juny 1972 waarden se oanhâlden en koarte tiid letter ta libbenslange finzenisstraffen feroardiele. Fanwegen it gefaar foar de Dútske maatskippij waarden de oppakte groepsleden yn ekstra bewekke finzenissen pleatst. Ut protest tsjin harren detinsjeomstannichheden giene sy meardere kearen yn hongerstaking wêrby't sy faak harren doel berikten. Holger Meins ferstoar lykwols op 9 novimber 1974 by in hongerstaking, nettsjinsteande dat er oan strange twangfieding ûnderwurpen wie.

Noch mear leden fan'e earste generaasje stoaren yn'e jierren 1971-1980 yn 'e finzenis, nei ûnderskate mislearre pogingen fan 'e twadde generaasje om de groepsleden frij te krijen. Allegear stoaren se mei selsmoard as offisjele deadsoarsaak. Bewizen foar it tsjindiel binne net levere, mar ien fan de pear oerlibjenden fan de earste generaasje, Irmgard Möller, hat altyd bestriden dat der selsmoard plege is.

Twadde generaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De skea nei in bomoanslach op de Amerikaanske loftmachtbasis Ramstein yn 1981

Benammen yn'e hjerst fan 1977 feroarsake de RAF grutte ûnrêst yn Dútslân, dy't late ta in nasjonale krisis. Yn Dútslân stiet dizze perioade bekend as Deutscher Herbst.

Op 30 july 1977 waard Jürgen Ponto, direkteur fan de Dresdner Bank, deasketten. Fierder waard Hanns Martin Schleyer ûntfierd, om de druk op it Bûnsregear op te fieren en de earste generaasje fan de RAF frij te krijen. Om de druk fierder op te fieren, besleat in Palestynske groep kapers, it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina, in Lufthansa-fleantúch te kapjen en de passazjiers te gizeljen. Nei't de gizelnimmers troch de arrestaasje-ienheid GSG 9 deade wiene, waarden inkelde oeren letter, yn de iere moarn fan 18 oktober, Baader, Ensslin en Raspe dea yn harren sel oantroffen.

De offisjele ferklearring wie selsmoard, mar hjiroan waard (en wurdt) fan ferskate kanten twivele. Dêrop makke de RAF har driging om Hanns Martin Schleyer te deadzjen wier: de ûntfierde wurkjouwersfoarsitter waard op 19 oktober dea oantroffen yn de kofferbak fan in auto yn it Frânske Mulhouse.

Ien fan de kopstikken fan dizze twadde generaasje fan de RAF wie Brigitte Mohnhaupt. Hja waard op 11 novimber 1982 oppakt en yn 1985 ta fiif kear libbenslang feroardiele. Op 12 febrewaris 2007 waard troch de Dútske justysje besletten har earder frij te litten nei 24 jier finzenisstraf. In oar kopstik binnen dizze twadde generaasje fan de RAF wie Christian Klar. Hy waard tegearre mei Brigitte Mohnhaupt ferantwurdlik hâlden foar de ûntfiering en de dea fan Hanns Martin Schleyer. Klar waard yn 1985 ta seis kear libbenslang en fyftjin jier feroardiele foar njoggen moarden. Op 24 novimber 2008 waard bekend makke dat Christian Klar op 3 jannewaris 2009, nei 26 jier finzenskip, op boarchtocht frij komme soe.

Begjin tachtiger jierren hold in groep fan 10 RAF-leden op mei harren aktiviteiten. Sy setten as "Aussteiger" ôf nei de DDR, dêr't sy in nije identiteit krigen. Yn 1990 waarden dêr nei de fal fan De Muorre inkelde flechtfuottige eardere RAF-leden identifisearre.

Tredde generaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de twadde generaasje wie der noch in Tredde generaasje fan de RAF. Ien fan de lieders hjirfan wie Birgit Hogefeld. Hja waard yn juny 1993 oppakt by in antyterreuroperaasje. In meifertochte fan har en in plysjeman kamen hjirby om it libben. De tredde generaasje wie al in stik minder aktyf as de foarige; de wichtichste oanslach op har namme wie dy op de nijbou fan de finzenis yn Weiterstadt op 27 maart 1993.

Birgit Hogefeld waard yn 1996 feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf fanwegen de moard op in Amerikaanske militêr en in bomoanslach op de Amerikaanske fleanbasis Frankfurt am Main yn 1985. Hogefeld waard op 21 juny 2011 frijlitten.

In oar lid wie de keunstneres Eva Sybille Haule. Sy besocht ein 1984 in oanslach te plegen op in NAVO-opliedingssintrum yn Oberammergau. Dizze oanslach mislearre troch technysk falen. Fierder siet se achter de moard op de yndustrieel Ernst Zimmermann yn febrewaris 1985. Yn 1986 waard se oppakt en yn 1994 ta libbenslange finzenisstraf feroardiele foar trijefâldige moard en 23 pogingen ta moard. Haule waard op 17 augustus 2007 alwer frij litten.

1998: RAF opheft

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 20 april 1998 ûntfong it parseburo Reuters in ferklearring fan acht siden, dêr't de RAF yn ferklearre harren opheft te hawwen. "Vor fast 28 Jahren, am 14. Mai 1970, entstand in einer Befreiungsaktion die RAF. Heute beenden wir dieses Projekt. Die Stadtguerrilla in Form der RAF ist nun Geschichte." Bewizen foar de echtens fan de ferklearring besteane lykwols net.

De aksjes fan de RAF hawwe mei-inoar sa'n 48 deadlike slachtoffers easke. Neist politike oanslaggen, dêr't ûntfiering en ôfparsing as middels by brûkt waarden, plege de RAF (lykas wenst yn it stedsguerrilla) ek tal fan bankoferfallen en stellerijen ta finansiering fan har doelstellingen.

List fan RAF-leden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder in (ûnfolsleine) list fan RAF-leden. Guon waarden pas nei har lidmaatskip oppakt en feroardiele. Inkelde oaren wurde noch socht.

Namme Berne / stoarn Bân mei de RAF / bysûnderheden feroardielingen
Susanne Albrecht 1951 Moard op Ponto en oanslach op Alexander Haig 1990: 12 jier, frij ûnder betingst yn 1996
Andreas Baader 1943 1977 Ien fan de oprjochters 1968: 3 jier
1977: libbenslang
Sigurd Debus 1942 1981 Lidmaatskip yn RAF waard nea bewiisd. 1974: arrestearre by in bankoerfal.
Oant 15 jier feroardiele.
Stoar oan gefolgen fan hongerstaking
Christine Dümlein 1949 Fertocht fan lidmaatskip 1990: ferjierre
Gudrun Ensslin 1940 1977 Ien fan de oprjochters 1968: 3 jier
1977: libbenslang
Knut Folkerts 1952 1978: twaris libbenslang, yn 1995 ûnder betingst frijlitten
Justysje yn Nederlân hat om útlevering frege
fanwegen in noch iepensteande feroardieling ta 20 jier sel
Burkhard Garweg 1968 tredde generaasje Op 'e flecht
Siegfried Haag 1944 Kopstik twadde generaasje.
Abbekaat fan Andreas Baader en Holger Meins
1979: 15 jier,
yn febrewaris 1987 earder frijlitten.
Katharina Hammerschmidt 1943 1975 earste generaasje Yn 1972 arrestearre.
By detinsje siik wurden en stoarn oan kanker.
Eva Haule 1954 tredde generaasje 1988: 15 jier,
waard op 17 augustus 2007 ûnder betingst frijlitten.
Rolf Heißler 1948 1982: Libbenslang,
yn oktober 2001 ûnder betingst frijlitten.
Birgit Hogefeld 1956 Liedster tredde generaasje 1996: libbenslang,
yn juny 2011 frijlitten
Christian Klar 1952 twadde generaasje 1985: Fiif kear libbenslang,
waard op 19 desimber 2008 ûnder betingst frijlitten.
Daniela Klette 1958 tredde generaasje 26 febrewaris 2024 oppakt yn Berlyn.
Andrea Klump 1957 Fertocht fan lidmaatskip 2004: 12 jier,
sit fêst sûnt 2001.
Michael Knoll 1957 1978 Ferstoarn oan ferwûnings nei fjoergefjocht mei plysje
Friederike Krabbe 1950 twadde generaasje Op 'e flecht
Hanna Krabbe 1945 1975: libbenslang,
waard yn 1996 frijlitten
Werner Lotze 1952 twadde generaasje 1991: tolve jier
Horst Mahler 1936 2025 Ien fan de oprjochters 1968: 10 moanne,
1974: 14 jier,
yn 1980 frijlitten
Ulrike Meinhof 1934 1976 Ien fan de oprjochters 1974: acht jier
Holger Meins 1941 1974 earste generaasje Noait feroardiele. stoar by hongerstaking.
Barbara Meyer 1956 Fertocht fan lidmaatskip Net feroardiele foar ferjierring.
Horst Ludwig Meyer 1956 1999 Fertocht fan lidmaatskip Noait feroardiele. deasketten troch Eastenrykse plysje.
Brigitte Mohnhaupt 1949 Liedster twadde generaasje 1972: feroardielje,
1977: frijlitten
1985: Fiif kear libbenslang plus 15 jier,
op 25 maart 2007 frijlitten.
Irmgard Möller 1947 1976: libbenslang,
yn 1995 frijlitten
Jan-Carl Raspe 1944 1977 earste generaasje 1977: libbenslang
Petra Schelm 1950 1971 Deasketten by in fjoergefjocht mei de plysje.
Gert Schneider 1949 twadde generaasje 1980: 15 jier,
yn 1987 ûnder betingst frijlitten
Adelheid Schulz 1955 Dielname oan de ûntfiering fan Schleyer 1985: libbenslang,
yn 1998 foarearst frijlitten,
krige op 1 febrewaris 2002 graasje.
Günter Sonnenberg 1954 Siet fêst sûnt 1978,
ûnder betingst frijlitten yn 1992
Angelika Speitel 1952 Dielname oan de ûntfiering fan Schleyer Siet fêst sûnt 1978,
ûnder betingst frijlitten yn 1989
Ernst-Volker Staub 1954 tredde generaasje Op 'e flecht
Willy Peter Stoll 1950 1978 Fermoedlike dielname oan Schleyer-ûntfiering.
Deasketten troch Dútsk plysjeteam wylst er yn in restaurant siet te iten.
Christof Wackernagel 1951 twadde generaasje 1980: 15 jier,
yn 1987 ûnder betingst frijlitten.
Rolf Clemens Wagner 1951 Benammen yn de santiger jierren aktyf foar de RAF Op 9 desimber 2003 frijlitten
Ulrich Wessel 1946 1975 Ferstoarn troch in bom dy't te betiid ôfgie.

List fan troch de RAF opeaske oanslaggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Datum Plak Aksje Opmerkingen
11 maaie 1972 Frankfurt am Main Bomoanslach op in kazerne fan'e Feriene Steaten yn Frankfurt am Main 1 deade, 13 ferwûnen
12 maaie 1972 Augsburg en München Bomoanslach op in plysjeburo yn Augsburch en it LKA yn München 5 ferwûne plysjes
16 maaie 1972 Karlsruhe Bomoanslach op'e auto fan Bûnsrjochter Buddenberg 1 ferwûne
19 maaie 1972 Hamburg Bomoanslach op Utjouwerij Axel Springer,
útjouwer fan û.o. de Bild
17 ferwûnen
24 maaie 1972 Heidelberch Bomoanslach op it Europeeske haadkertier fan it Amerikaanske leger 3 deade, 5 ferwûnen
25 april 1975 Flagge fan Sweden Stockholm Besetting fan de Dútske ambassade,
moard op Andreas von Mirbach en dr. Heinz Hillegaart
2 deaden
7 april 1977 Karlsruhe Besjitting fan rjochter Siegfried Buback 3 deaden
30 july 1977 Oberursel De direkteur fan de Dresdner Bank, Jürgen Ponto,
wurdt by it besykjen ta ûntfiering yn syn hûs deade
5 septimber 1977
18 oktober 1977
Keulen
Mulhouse
Untfiering fan wurkjouwersfoarsitter Hanns Martin Schleyer,
Schleyer wurdt úteinlik deasketten.
4 deaden
13 oktober 1977 flagge fan Somaalje Mogadishu Kaping fan Lufthansa-flecht 181 1 deade
25 juny 1979 flagge fan Belgje Bergen Bomoanslach op'e auto fan NAVO-oerbefelhawwer Alexander Haig 3 ferwûnen
9 july 1986 Straßlach Besjitting fan Siemens-manager Karl Heinz Beckurts en bestjoerder Eckhard Groppler.
30 novimber 1989 Bad Homburg Bomoanslach op bankier Alfred Herrhausen
1 april 1991 Düsseldorf Detlev Karsten Rohwedder, sjef fan de Treuhandanstalt,
wurd yn syn eigen hûs besketten.
27 maart 1993 Weiterstadt Oanslach op in finzenis yn oanbou.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: