Rossum (Oerisel)
Appearance
| Rossum | ||
| Sint-Plechelmustsjerke | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Dinkellân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.323 (1 jannewaris 2023) | |
| Oerflak | 25,74 km², dêrfan lân 25,70 km² dêrfan wetter 0,04 km² | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje fan Rossum yn de gemeente Dinkelland | ||
Rossum is in tsjerkedoarp yn 'e Twinske gemeente Dinkellân yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel. Rossum leit noardlik fan Oldenzaal en súdlik fan Ootmarsum. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2001 hearde it doarp ta de gemeente Weerselo. Rossum wie yn it ferline ien fan it grutte oantal boermarken yn dizze gemeente.
De ynwenners fan it doarp drage as bynamme Görtekeurne, itjinge 'grôtkerls' betsjut. Yn Rossum is in tige aktive karnavalsferiening dy't 'n Lesten Stuuver hjit. Alle jierren wurdt der in karnavalsoptocht en in gala organisearre.
Yn 2005 wie it doarp it toaniel foar in diel fan de opnamen fan 'e earste searje fan Van Jonge Leu en Oale Groond.
Der is ek in plak mei de namme Rossum yn 'e provinsje Gelderlân.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jos Lansink (1961), Nederlânsk-Belgyske springrider
- Patrick Bosch (1964-2012), fuotballer
| Dinkellân | ||
|---|---|---|
| Stêd: Oatmarsum | ||
| Doarpen: Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo | ||
| Buorskippen: Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke | ||
| Wetter: Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek | ||