Roselyn Sánchez

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Roselyn Sánchez
Filmklapper.png akteur
Rosalyn Sanchez 2000.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Roselyn Milagros Sánchez
   Rodríguez
nasjonaliteit Flag of Puerto Rico.svg Portorikaansk
berne 2 april 1973
berteplak San Juan (Porto Riko)
etnisiteit Flag of Puerto Rico.svg Portorikaansk
jierren aktyf 1992 – no
offisjele webside
Roselyn Sánchez op Twitter
1rightarrow.png N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Roselyn Milagros. De earste efternamme (fan heitekant) is Sánchez, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Rodríguez. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Sánchez of oars Sánchez Rodríguez brûkt wurde.

Roselyn Sánchez (folút: Roselyn Milagros Sánchez Rodríguez; San Juan, 2 april 1973) is in Portorikaansk aktrise, sjongster, dûnseresse, model, presintatrise, filmprodusinte en lietsjeskriuwster. Hja is it bekendst wurden mei har rollen as Elena Delgado yn 'e plysjesearje Without a Trace en as Carmen Luna yn 'e komeedzjedramarige Devious Maids. Sánchez hat ek yn ferskate films spile, lykas Rush Hour 2, Boat Trip, The Game Plan en Act of Valor.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sánchez waard yn 1973 berne yn 'e Portorikaanske haadstêd San Juan. Se groeide op yn in húshâlding mei trije âldere bruorren en folge leger en fuortset ûnderwiis oan skoallen yn har berteplak. Al hiel jong hie se belangstelling foar sawol aktearjen as dûnsjen en fersoarge se shows foar har famylje. Nei't se slagge wie foar har eineksamens skreau Sánchez har yn oan 'e Universiteit fan Porto Riko, dêr't se marketing studearre, krekt as har heit en bruorren foar har. Nei trije jier briek se har oplieding lykwols ôf. Yn 1991, doe't se achttjin jier wie, ferfear Sánchez nei New York, dêr't se in oplieding folge yn dûnsjen, aktearjen en sjongen. Yn 1992 makke se har debút as aktrise yn 'e film Captain Ron, dy't foar in diel opnommen waard op Porto Riko.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn har heitelân krige Sánchez bekendheid as dûnseresse yn en ko-presintatrise fan 'e tillefyzjerevu Qué Vacilón. Yn 1993 wûn se de Miss Puerto Rico Petite-skientmewedstryd, yn 1994 folge troch de ynternasjonale titel fan Miss American Petite. Yn 1996 en 1997 wie Sánchez foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen mei de weromkearende rol fan Pilár Domingo yn 'e soapsearje As the World Turns. Yn 1997 en 1998 hie se in fêste rol yn 'e dramasearje Fame L.A. Nei gastrollen yn de dramasearje Ryan Caulfield: Year One (1999) en de plysjesearje Nash Bridges (2000) en in lyts roltsje yn 'e film Held Up (1999), waard se yn 2001 cast yn 'e rol fan 'e Secret Service-aginte Isabella Molina yn 'e aksjefilm Rush Hour 2. Dy rol, wêrby't se de tsjinspylster fan 'e Hongkongske aksjeheld Jackie Chan wie, betsjutte har trochbraak as aktrise.

Yn 'e folgjende jierren spile Sánchez yn films as Boat Trip (2002), Nightstalker (2002) en Basic (2003), en hie se gastrollen yn tillefyzjesearjes as In-Laws en The Drew Carey Show. Yn 2003 spile se mei Sofia Vergara yn 'e film Chasing Papi. Datselde jiers krige se in weromkearende rol as resjersjeur yn trije ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje L.A. Dragnet. Oare films dêr't Sánchez mids 2000-er jierren yn te sjen wie, wiene Larceny (2004), State Property 2 (2005), Underclassmen (2005), Edison (2005), Shooting Gallery (2005) en de Portorikaanske Spaansktalige film Cayo. Yn 2005 hie se in weromkearende rol as ofsier fan justysje yn 'e remake fan 'e plysjesearje Kojak. Bûten de Feriene Steaten rekke Sánchez bekend as FBI-aginte Elena Delgado, yn 'e plysjesearje Without a Trace, in rol dy't se fan 2005 oant 2009 fiif seizoenen lang fertolke.

Yn 2003 brocht Sánchez har earste album as sjongster út, mei as titel Borinqueña. De earste single fan dat album, Amor, Amor, krige in protte omtinken yn 'e media fanwegen in nominaasje foar de Latin Grammy yn 'e kategory bêste fideoklip. Ek wurke Sánchez (as aktrise) mei oan 'e fideoklips fan 'e nûmers Hidden Agenda en Personal fan Craig David en Make Me Better fan Fabolous. Yn 2006 komponearre se de muzyk foar de musicalfilm Yellow, oer in sjongster/dûnseresse/aktrise dy't út Porto Riko wei giet om it te meitsjen yn New York. Yn dy sterk autobiografyske film spile se ek de haadrol.

Roselyn Sánchez (3e f. rj.) mei oare leden fan 'e cast fan Devious Maids yn 2013.

Yn 2007 spile Sánchez de rol fan balletleararesse Monique Vasquez yn 'e sportkomeedzjefilm The Game Plan, mei Dwayne Johnson as tsjinspiler. Datselde jiers hie se ek in cameo yn Rush Hour 3, mar dy sêne waard lykwols út 'e film snien, en Sánchez is sadwaande inkeld te sjen yn it bonusmateriaal op 'e dvd. Yn 2009 spile se yn it neo-noirdrama The Perfect Sleep. Oare films dêr't se yn spile, wiene Venus & Vegas (2010), Act of Valor (2012), Mothers and Daughters (2016) en Traffik (2018).

Yn deselde snuorje hie Sánchez gastrollen yn 'e komeedzjedramasearje Royal Pains (2009), de plysjesearje Rizzoli & Isles (2011) en de soapsearje Desperate Housewives (2012). Ien fan har bekendste rollen spile se fan 2013 oant en mei 2016 as Carmen Luna yn 'e komeedzjedramarige Devious Maids. Ek wie se yn 2014 yn in fêste rol te sjen yn 'e searje Familia en Venta. Fierders hie se gastrollen yn 'e searjes Telenovela (2016), Grand Hotel (2016) en The Rookie (2020). Yn 'e tillefyzjefilm Death of a Vegas Showgirl, út 2016, fertolke Sánchez de rol fan it (echte) moardslachtoffer út 2010 Debbie Flores-Narvaez. Fierders spile se mei yn 'e tillefyzjefilm A Taste of Summer, út 2019.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sánchez troude op 9 augustus 1998 mei de Ingelske akteur en eardere bokser Gary Stretch. Dat houlik einige op 15 april 2001 yn in skieding. Neitiid begûn Sánchez om te gean mei de Portorikaanske salsasjonger Victor Manuelle. Yn desimber 2005 makke se lykwols bekend dat sy Manuelle harren relaasje beëinige hiene en as freonen útinoar gien wiene.

Yn desimber 2007 ferloofde Sánchez har mei akteur Eric Winter nei't se twa jier mei him omgien hie. Se trouden op 29 novimber 2008 yn San Juan. Sánchez en Winter krigen twa bern: in dochter, Sebella (berne yn jannewaris 2012), en in soan, Dylan (berne yn novimber 2017).

Sánchez is wurdfierster foar de Fundación de Niños San Jorge, in Portorikaanske stifting dy't sike bern út earme gesinnen helpt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.