Roosendaal (gemeente)
Roosendaal | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Roosendaal is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei 77.616 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 107,16 km² (wêrfan 0,67 km² wetter). It haadplak is de stêd Roosendaal
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Roosendaal ûntstie op 1 jannewaris 1997 troch de gearfoeging fan 'e eardere gemeenten Roosendaal en Nispen en Wouw .
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út de plakken
- Wouw
- Roosendaal
- Moerstraten
- Wouwse Plantage
- Heerle
- Nispen
Fierder binne der noch in grut tal buorskippen: Akker, Boeiink, Borteldonk, Brembosch, Bulkenaar, De Rotting, Everland, Haiink, Hazelaar, Heijbeek, Hoevestein, Hollandsdiep, Hulsdonk, Kruisstraat, Nieuwenberg, Oostlaar, Plantage Centrum, Vijfhoek, Vinkenbroek, Visdonk, Vleet, Vroenhout, Wouwse Hil, Zoomvliet.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sint-Jânstsjerke of Jehannes de Dopertsjerke is in neoklassisistyske tsjerke út 1839 mei in âldere, mooglik 14e of 15e-iuwske toer dy't letter ferhege is. It barokke heechalter datearret fan 1840. De tsjerke waard oant 1979 troch paters norbertinen út de abdij fan Tongerlo betsjinne. Oare belangrike tsjerken binne de ekspressionistyske Sint-Joazeftsjerke (1923-1924) en de Us-Leaffrouwetsjerke.
It kleaster Mariadal waard yn 1934 boud foar de Fransiskanessen neffens ûntwerp fan J.Th.J. Cuypers en F.B. Sturm yn in tradisjonalistyske styl. It kompleks bestiet út it kleaster, de kleastertsjerke, in kleastertún en in omklamjende muorre, allegear ryksmonuminten. De kleastertsjerke hat glês-yn-leadramen en beskilderings fan hilligen. Yn 'e kleastertún is in Lourdesgrot út 1936.
Yn Wouw stiet de stiennen mûne De Arend út 1811. De mûne hat in flecht fan 25,85 meter en waard nei in brân yn 1825 werboud.
De Mûne fan Aerden yn Nispen waard yn 1850 boud en hat in flecht fan 23,80 m.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Lângoed Visdonk is in grut en ôfwikseljend natoergebiet oan 'e súdkant fan Roosendaal mei bosk, heide, loanen en houtwâlen. Hichtepunt fan it natoergebiet is de Roazedobbe. [2]
It Molenbeekpad is in 2,5 km lang kuierpaad dat tusken de Roosendaalse wyk Tolberg en de Antwerpseweg rint, krekt benoarden Nispen. It paad folget de Lytse Aa en biedt moaie útsichten oer it lânskip. It is in goede lokaasje foar fûgeltsjelju, mei kâns om ûnder oaren de iisfûgel, ielreager en mûzefalk te sjen.
Njonken de buorskip is der ek in 900 ha grut natoergebiet dat Wouwse Plantage hjit. Oarspronklik is it in lângoed, mar it hjoed-de-dei fral in natuergebiet mei in ferskaat oan lânskippen, ynklusyf bosken, heidefjilden en dobben. Foar huningfalk, swarte spjochten, deisliepers en heideljurken is it gebiet ien fan 'e wichtichste briedgebieten fan Nederlân.[3]
Yn Roosendaal binne sûnt 2020 ferskate Tiny Forests oanlein, lytse, tichte minybosken dy't bydrage oan 'e biodiversiteit en ek brûkt wurde foar natueredukaasje. Foarbylden binne de Tiny Forests yn 'e wiken Westrand en Langdonk, dy't yn gearwurking mei basisskoallen en bewenners oanlein binne.
Karnaval
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e karnavalstiid hjit Roosendaal Tullepetaonestad.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |