Springe nei ynhâld

Rooksin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rook (sintúch))
De senuwbanen fan 'e rooksin. De molekulêre rookstof bynt him oan it trilhierepiteel yn 'e noasholte op in spesifike reseptor. De reseptor stimulearret de mitersellen en dêrnei it senuwstelsel.

De rooksin, it rookfermogen of koartwei de rook, ek: olfaktoaryske waarnimming of olfaktoaryske persepsje, is it sintúch dat minsken en bisten by steat stelt om roken waar te nimmen. It útoefenjen fan dat fermogen hjit rûken, en it orgaan wêrmei't men dat fermogen útoefenet, is de noas. Roken binne waar te nimmen yn 'e lucht en yn oare gassen of gasmingsels, mar eventueel ek yn wetter. Hoewol't planten ek hiel goed de oanwêzigens fan beskate stoffen yn 'e lucht waarnimme kinne, wurdt dat fermogen ornaris net as rooksin oantsjut. De neurologyske ferwurking, de eigentlike bewustwurding fan 'e waarnimming fan in rook, fynt plak yn 'e harsens. Om't der grutte ferskillen sitte tusken de rooksin fan it iene soarte en it oare soarte organisme, is rook eins net allinnich in eigenskip fan 'e stof dy't de rookstof ôfjout, mar beskriuwt it in ynteraksje tusken dy stof en it organisme dat de rook fan dy stof waarnimt.

Funksje fan 'e rooksin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It priuwen fan iten en drinken en it beoardieljen fan 'e ynazeme lucht is in wichtich diel fan 'e funksje fan 'e rooksin. De eigentlike smaaksin beheint him ta it priuwen fan swiet, soer, sâlt, bitter en ûmamy, mar troch rûkend te priuwen komme smaaknuânses ta har rjocht. Dat fermogen hat him evolúsjonêr nei alle gedachten ûntjûn sadat organismen foarkomme koene dat se bedoarn en dus siikmeitsjend iten ieten.

In twadde funksje fan 'e rooksin is it foarmjen fan sosjale bining mei soartgenoaten út in groep, bgl. in keppel of in ridel. Memmen en jongen út in keppel kenne inoar oan harren lichemseigen rook út tûzenen werom, en leden fan in ridel hawwe foar in diel deselde rook, dy't harren dúdlik ûnderskiedt fan leden fan oare ridels.

In oare foar it oerlibjen krúsjale funksje fan it rookfermogen fan bisten is it werkennen fan 'e proai oan syn rookspoar, sadat er makliker opspoard wurde kin. En oarsom ken de proai ek it rôfdier oan syn rook werom as in gefaar dat mijd wurde moat. Troch in geunstige posysje foar de wynrjochting oer te kiezen, brûke bisten har rooksin optimaal foar dizze funksje. Ek yn 'e minsklike maatskippij is der in tapassing fan 'e rooksin dy't in gefaar beheint, nammentlik de skerp rûkende stof tetrahydrotiofeen (C4H8S), dy't oan it fan himsels rookleaze ierdgas tafoege is. Dy flechtige swevelferbining soarget derfoar dat gaslekken op 'e tiid opmurken wurde kinne.

In protte bisten kinne folle skerper rûke as de minske. Fral hûnnen steane dêrom bekend, mar de mantsjes fan ferskate flintersoarten kinne de oanwêzigens fan in wyfke fan 'e eigen soarte troch har feromoanen al fan ferskate kilometers ôfstân gewaarwurde. It aard fan 'e stoffen dy't troch bisten mei harren rooksin waarnommen wurde kinne, wikselet sterk, sawol tusken soarten as tusken yndividuën fan deselde soarte. Sa binne der stoffen bekend dy't troch beskate minsken wol en troch oaren net rûkt wurde kinne. Dat fermogen blykt erflik te wêzen. In foarbyld dêrfan is de stof dy't yn 'e urine útskaat wurdt nei it iten fan asperzjes.

Rook en ûnthâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De minske hat ek in ûnthâld foar roken, it saneamde olfaktoarysk ûnthâld. Beskate roken kinne in sterke assosjaasje mei beskate oantinkens út it ferline oproppe. Dêrby kin it gean om 'gewoane' oantinkens, mar faak ek oan wichtige, formative foarfallen. It kinne sawol positive as negative dingen wêze. Mooglik hat dy duorjende assosjaasje fan rook mei foarfal dermei te krijen dat it rookorgaan fylogenetysk in hiel âld fermogen is; de prikels fan 'e rooksenuwen geane net earst fia de talamus, sa't by de prikels fan alle oare sintugen wol it gefal is.

Bysûndere roken en stoffen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sommige sterk bitende stoffen, lykas ammoniak, wurde net fia de rooksin, mar fia de pinesin (nosisepsje) waarnommen troch aktivearring fan 'e pinereseptors.

Feromoanen binne stoffen dy't in soartgenoat ôfskiedt en dy't yn it lichem fan 'e ûntfanger in reäksje oproppe. Sa hat ûndersyk útwiisd dat de rook fan oarmans earmholten by de minske it seksueel hâlden en dragen beynfloedet sûnder dat men jin dêrfan bewust is.

Fysiology en anatomy fan 'e rooksin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By sûchdieren (de minske ynbegrepen) residearret de rooksin yn it slymflues yn 'e noasholte. De molekulen fan 'e rookstof losse op yn it trilhierepiteel (slym) en prikelje eventueel in neuron mei de passende reseptor. De reseptor stimulearret de mitersellen en fia de senuwbanen berikt it sinjaal úteinlings de harsens.

De rooksenuw (nervus olfactorius) projektearret net primêr op 'e harsenskoars, mar op 'e area olfactoria medialis en de area olfactoria lateralis. Oare neuroanen skeakelje oer yn 'e bulbus olfactorius, wêrnei't oare neuroanen dêrfandinne de hippokampus, de uncus en de hypotalamus berikke. Koartsein wurde de opwekke aksjepotinsjalen yn 'e senuwen net daliks trochlaat nei de harsenskoars. It gefolch dêrfan is dat men jin folle minder gau fan in rook bewust is as fan in byld of in lûd. Ynstee dêrfan beynfloedzje roken it ûnthâld fia de hippokampus, de emoasjes fia û.m. de amygdala en lichaamlike reäksjes fia de hypotalamus.

By sûchdieren sit de noas, it orgaan dêr't mei rûkt wurdt, oan 'e foarkant fan 'e holle. Oare organismen kinne rûke fan oare plakken op har lichem ôf. Sa hawwe in protte ynsekten rooksintugen yn harren antennes en rûke slangen troch de lucht mei de tonge te bemeunsterjen en de tongpunten dêrnei yn harren orgaan fan Jacobson te stekken.

Fersteurings fan 'e rooksin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch alderlei oarsaken kin it fermogen om te rûken net mear goed funksjonearje. Soks hjit dysosmy, en kin in grutte ynfloed op 'e persoanlike ûnderfining fan it deistich libben hawwe. De meast foarkommende tydlike swierrichheden op it mêd fan rûken hawwe te krijen mei ferkâldenens. Dan sit de noas, it orgaan dêr't lucht trochhinne kinne moat om te rûken, ferstoppe mei slym. It ûntbrekken of útfallen fan 'e rooksin foar alle (of allinnich foar spesifike) roken wurdt anosmy neamd. Dat fersteurt ek wat minsken as smaak ûnderfine, mei't in grut diel fan 'e 'smaak' eins fia de rooksin giet. By folsleine anosmy wurdt de smaak werombrocht ta de fiif echte smaakgroepen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.