Springe nei ynhâld

Rook

Ut Wikipedy
In pear hûnen yndersykje inoars rook.

In rook of mei in (folslein ynboargere) hollanistyske ynterferinsje in geur is in mei de rooksin waarnimber sinjaal yn 'e foarm lege konsintraasjes fan beskate gemyske stoffen yn 'e lucht. Dy stoffen binne aerosoalen of gassen, dy't troch ferdamping út in fêste stof of in floeistof yn 'e lucht bedarje. Minsken en bisten kinne mei har rooksin sokke roken gewaarwurde, beoardielje en werkenne (of net, ôfhinklik fan 'e yndividuele ûnderfining).

In rook dy't as ûnoangenaam ûnderfûn wurdt, hjit in stank. Mar wat krekt as stank beskôge wurdt en wat net, is foar in diel subjektyf en foar in oar diel basearre op opfieding. Rûkersguod of parfum is in rookmiddel dat spesjaal ûntwurpen is om in rook ôf te jaan dy't troch in protte minsken as oangenaam beskôge wurdt. Sawol stank as rûkersguod kinne troch in proses fan gewenning fierhinne ûnwaarnimber wurde.

Minsken hawwe yn 'e noas, dêr't de rooksin fêstige is, 30 miljoen reseptorsellen, dêr't se likernôch 10.000 ûnderskate roken mei faninoar ûnderskiede kinne. Dêrmei is de rooksin it gefoelichste fan alle minsklike sintugen. De measte oare bisten hawwe lykwols in folle bettere rooksin, en kinne sadwaande folle mear ferskillende roken ûnderskiede. Hûnen en oare hûneftigen, lykas wolven, steane dêr yn 't bysûnder om bekend.

Behalven minsken en bisten meitsje ek planten gebrûk fan it ferskynsel 'rook'. Dat dogge se almeast om ynsekten of oare bisten te lokjen, dêr't se ferlet fan hawwe foar de bestowing. Dat is nammentlik in krúsjaal ûnderdiel fan 'e fuortplanting fan planten. In foarbyld fan in oare reden foar planten om rook ôf te jaan is dat de gerssoarte kumarine in beskate rook produsearret om ynsektivoare fûgels oan te lûken as de plant oanfretten wurdt troch ynsekten. Ek skimmels produsearje soms in rook; sa rûkt de stjonkswam nei ies om brommers oan te lûken, dy't troch de swam brûkt wurde foar de fersprieding fan 'e spoaren.

Sawol bisten as planten kommunisearje fia feromoanen, wat stoffen binne dy't oan 'e lucht ôfjûn wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.