Ronneby komt foar it earst om 1300 hinne foar as Rotnæby, wat "it doarp by de bolderjende (rivier)" betsjut. De stêd krige foar it earst stedsrjochten yn 1387 en wie yn de midsiuwen in wichtige hannelsstêd.
Yn 1564 fûn der yn Ronneby in bluodderige slach plak tusken Sweedske en Deenske legers, dêr't in protte ynwenners by om it libben kamen. Fan it stedsje wie nei ôfrin neat mear oer.