Rondônia
| Rondônia | ||
| Lokaasje fan Rondônia yn Brazylje. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| regio | Norte | |
| haadplak | Porto Velho | |
| grutste stêd | Porto Velho | |
| gemeenten | 52 | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 1.757.338 (rûzing 2026)[1] | |
| oerflak (km²) | 237.753,439 km² (2025) | |
| befolkingstichtens | 6,65 ynw./km² (2022) | |
| hichte (maks.) | 100 m – 1.126 m (Pico Três Gonçalves) | |
| HDI | 0,700 (2021) | |
| Oar | ||
| ôfkoarting (UF) | RO | |
| steat sûnt | 1982 | |
| ISO-koade | BR-RO | |
| tiidsône | UTC−4 | |
| webside | rondonia.ro.gov.br | |
Rondônia (offisjeel yn it Portegeesk: Estado de Rondônia) is in dielsteat yn it westen fan Brazylje. De haadstêd fan Rondônia is Porto Velho.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Portegeeske seefarders begûnen yn 'e 17e iuw it gebiet te ferkennen fan wat no de steat Rondônia is. Mar it duorre noch oant de folgjende iuw dat troch de ûntdekking fan goud de belangstelling fan dy regio tanaam. Yn 1776 waard oan 'e igge fan 'e rivier de Guaporé it fort Prins fan Beira boud en ûntstiene der koloniale delsettings, dy't pas oan 'e ein fan 'e 19e iuw troch de rubberplantaazjes bloeiden.
Rondônia ûntstie troch in ûntslutingsprojekt dat fan 'e jierren 1970 troch de Brazyljaanske regearing oantrune waard. Yn 1981 waard it gebiet ferheft ta dielsteat. Dêrfoar wie it gebiet, dat bewenne waard troch de Guaporé-Yndianen, hast ûnbekend.
Op 13 septimber 1943 waard troch wet nr. 5.812 it Território Federal do Guaporé (Federaal Territoarium Guaporé) oprjochte. Dat waard op 17 febrewaris 1956 troch wet nr. 21.731 omneamd ta Território Federal de Rondônia (Federaal Territoarium Rondônia). Op 4 jannewaris 1982 waard Rondônia in selsstannige dielsteat mei in eigen bestjoer.
De nije dielsteat is ferneamd nei de Brazyljaanske ûntdekkingsreizger, lânmjitter en bouwer fan telegraaflinen Cândido Rondon, dy't yn 1913 en 1914 tegearre mei Theodore Roosevelt, de eardere presidint fan 'e Feriene Steaten, de wittenskiplike Roosevelt-Rondon-ekspedysje nei it noarden fan Mato Grosso late.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rondônia grinzget oan 'e Brazyljaanske dielsteaten Amazonas, Acre en Mato Grosso, en ek oan Bolivia. De steat heart by de Brazyljaanske grutte regio Norte.
Rondônia is mei in oerflak fan likernôch 237.765 km² goed 41 kear grutter as Fryslân (ynklusyf wetter 5.753 km²). Mei 1,58 miljoen ynwenners (2022) lei de befolkingstichtens op 6,6 ynwenners de km².
De steat Rondônia hat twa federaal beskerme nasjonale parken (Parques Nacionais) dy't hielendal of foar in part op syn grûngebiet lizze:

It Nasjonaal Park Pacaás Novos (Parque Nacional de Pacaás Novos) is likernôch 764.800 ha grut en leit hielendal yn Rondônia. It beskermet de Serra dos Pacaás Novos en it heechste punt fan 'e steat (Pico Três Gonçalves, 1.126 m). It park foarmet in oergongssône tusken de Amazône-reinwâlden en it Cerrado-savannegebiet en omfiemet ek it Yndianereservaat fan 'e Uru-Eu-Wau-Wau.
It Nasjonaal Park Campos Amazônicos (Parque Nacional dos Campos Amazônicos) is likernôch 961.300 ha grut en leit foar in part yn Rondônia (gemeente Machadinho d'Oeste), mar ek yn 'e oanbuorjende steaten Amazonas en Mato Grosso. It beskermet in unyk ekosysteem fan natuerlike enklaves fan Cerrado-savanne midden yn it Amazônebekken.
Njonken dy twa federaal behearde nasjonale parken telt Rondônia noch ferskate oare federale en provinsjale beskerme gebieten, lykas de Biologyske Reservaten Jaru en Guaporé, en it provinsjale park Parque Estadual Corumbiara.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Etnyske gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De etnyske ferdieling fan 'e befolking fan Rondônia wie neffens de offisjele folkstelling fan 2022 fan it IBGE as folget:
- minsken fan mingde komôf (Pardos): 59,3%
- blanken (Brancos): 30,7%
- swarten (Pretos): 8,7%
- lânseigen befolking (Indígenas): 1,1% (sawat 17.000 minsken)
- Aziaten (Amarelos): 0,3%
Lânseigen befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e jierren 1970 en 1980 stelde de Brazyljaanske oerheid mei de oanlis fan wegen (lykas de BR-364) it gebiet iepen foar feefokkers, houtkappers en oare kolonisten. Om de grûn yn besit te nimmen foar grutte feebedriuwen, woene guon feefokkers foarkomme dat de federale lânseigen organisaasje FUNAI (Fundação Nacional do Índio) op 'e hichte komme soe fan 'e oanwêzigens fan lânseigen groepen. As FUNAI nammentlik in ûnbekende stamme fûn dêr't de bûtenwrâld noch gjin kontakt mei hie, waard it gebiet neffens de wet ôfsletten en beskerme as lânseigen territoarium, wat betsjutte dat de feefokkers der net mear komme mochten. De kolonisten hierden dêrom wapene bindes yn om dy stammen út te moardzjen. Yn 1985 fûn in grutte moardpartij plak op 'e Akuntsu. Mei grûnskowers waarden harren doarpen ferneatige om it bewiis fan harren bestean út te wiskjen. In soad oare lânseigen stammen waarden ferfolge en oaren stoaren troch besmetlike sykten (lykas gryp en mûzels) dy't troch de ynkringers meibrocht waarden en dêr't hja gjin wjerstân tsjin hienen. It lêste stamhaad en de lêste manlike oerlibbene dy't it bloedbad fan 1985 noch bewust meimakke hie, Konan Kora Akuntsu, ferstoar op 26 maaie 2016.[2]
De priiswinnende Brazyljaanske dokumintêre "Corumbiara: They Shoot Indians, Don't They?" (2009) fan regisseur Vincent Carelli lei it sykjen nei de oerlibbenen yn it reinwâld en it bewiismateriaal fan 'e bloedbaden op film fêst.
Yn 2011 wiene der 21 lânseigen territoaria (Terras Indígenas) yn Rondônia, en noch twa dêrfan wiene yn it proses om ôfbeakene te wurden. It grutste hjirfan, it lânseigen territoarium Uru-Eu-Wau-Wau, omfiemet mear as 1,8 miljoen hektare. In oar gebiet, it lânseigen territoarium Rio Omerê, is it leefgebiet fan 'e Kanoê- en de Akuntsu-stammen. Alle beide stammen wiene yn 'e jierren 1970 en 1980 it slachtoffer fan bloedbaden troch feefokkers en besteane hjoed-de-dei noch út in hânfol minsken of binne útstoarn.
Befolkingsûntwikkeling fan Rondônia (1940–2022)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1940 | 1950 | 1960 | 1970 | 1980 | 1991 |
|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 20.354 | 36.935 | 70.783 | 116.620 | 503.125 | 1.130.874 |
| Groei | — | +81,5% | +91,6% | +64,8% | +331,4% | +124,8% |
| Jier | 2000 | 2010 | 2022 | |||
| Ynwennertal | 1.380.952 | 1.562.409 | 1.581.196 | |||
| Groei | +22,1% | +13,1% | +1,2% | |||
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos | ||||||
Grutste gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de meast resinte gegevens fan it IBGE (de folkstelling fan 2022) wennet 84,7% fan 'e befolking fan Rondônia yn 'e stêd. Sa'n 15,3% fan 'e ynwenners wennet op it plattelân.

| Stêd | Ynwenners |
|---|---|
| 460.413 | |
| 124.333 | |
| 96.833 | |
| 95.832 | |
| 86.895 | |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022 | |
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Rondônia is yn mearderheid kristlik. Tradisjoneel is de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Rondônia dominant. Lykas yn hiel Brazylje hat it protestantisme de lêste desennia in foarse groei meimakke. By de folkstelling fan 2010 hie it katolisisme noch jimmeroan de grutste oanhing fan alle religys. Sûnt hat it protestantisme en yn it bysûnder de pinksterbeweging noch mear groei meimakke. Nettsjinsteande de mooglike ûnkrektens fan 'e demografyske folkstelling fan 2022, jouwe de nije sifers dúdlik oan dat de religieuze oergong fan Brazylje nei it protestantisme trochgiet. Foar it earst yn 'e skiednis fan it lân hawwe protestantske kristenen de katoliken yn twa steaten oertroffen: Acre en Rondônia.[3]

| Religieuze streaming | Persintaazje (2010) |
|---|---|
| roomsk-katolyk | 47,6% |
| protestantsk | 33,8% |
| sûnder religy | 14,3% |
| spiritisme | 0,6% |
| Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé) | 0,2% |
| oare religys / net opjûn | 3,5% |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2010 | |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Rondônia driuwt foaral op de lânbou en it grutskalich winnen en eksportearjen fan ûnbewurke natuerlike grûnstoffen (ekstraktivisme). Foar de ûntwikkeling fan it gebiet wie de iepening fan 'e BR-364 yn 1961 fan tige grut belang. Dy ferbining makke de ynfier fan foarrieden en eksport fan produkten folle makliker. Troch goedkeape grûn yn 'e cerrados oan te bieden ferhûzen in soad boerefamyljes út it suden wei nei Rondônia. Troch ûndersyk fan Embrapa (Empresa Brasileira de Pesquisa Agropecuária), it nasjonale ûndersyksynstitút foar lânbou en feehâlderij yn Brazylje, waard de boaiemkwaliteit ferbettere foar de lânbou. Wichtige produkten binne hjoed-de-dei soja, kakao, kofje, mais, pûltsjes en rys.
De houtkap begûn mei de komst fan 'e BR-364, foaral foar kwaliteitshout lykas mahoanjehout. Njonken hout is de winning fan tinerts út in grutte myn in wichtich ekstraktyf produkt. De feehâlderij groeide sterk en Rondônia hat no ien fan 'e grutste feebeslaggen fan it lân. De ekonomyske eksploitaasje fan it gebiet hat foar in soad ferneatiging fan reinwâlden laat.[4]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten fan Brazylje | ||
|---|---|---|
| Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins | ||
| Federaal distrikt: Federaal Distrikt | ||
