Ronald Smink

Ut Wikipedy
Ronald Smink

Ronald Smink (De Jouwer, 1984) is in kabaretier. Hy wûn yn 2007 de sjuery- en publykspriis op it Grinzer Studintekabaret Festival.

Syn mem Jelly Jacob spile yn Ljouwert by it amateurtoaniel. Neidat Smink fan De Jouwer nei Grins foar de stúdzje om kommunikaasjewittenskippen kaam ek it begjin fan syn optredens. Yn 2006 wûn er it 14e Swolsk Studinten Kabaretfestival en de publykspriis. Nei in optreden yn De Like folge in iepen poadium fan it Comedykafee yn Amsterdam. Dêrnei folge er yn Grins twa kabaretkursussen by Karin Noeken fan kabaretgroep 'Vrouw Holland'. Hy lei him ta op absurdistysk kabaret mei in soad fantasij. Aktrise Wimie Wilhelm rette him ta op syn optreden yn 2007 oan it 21e kabaretfestival yn Grins. Hja is yn 2009 noch altyd syn regisseur. Hy fertelde hjir mei syn Fryske tongfal hoe't er genietet fan it narjen fan Grinzer bussjauffeurs en oer it fersieren fan in famke yn de kroech. Mar ek oer it sketsen fan de sfear yn de Jouster tsjerke as de dûmny syn hannen fol hat oan it trouwe tsjerkefolk.

Mei syn earste jûnfoljende foarstelling Bor Knok wie hy fan 2008 ôf trije seizoenen lang te sjen yn de Nederlânske teäters. Yn 2011 folge syn foarstelling Bonanza. Yn 2015 spile Smink syn tredde jûnfoljende foarstelling De opkomst van een Terriër. Yn 2016 skreau er de krystmusical foar it Posthûsteäter op It Hearrenfean mei as titel Afke`11de de geboorte van Grutte Pier. Yn 2017 spile er Out of the Box! mei de meast absurdistyske stikken út syn teäterprogramma’s.

Syn foarbylden binne Theo Maassen, Wim Helsen en Droog Brood. Yn it seizoen 2009-2010 gie Ronald Smink op toernee mei syn earste jûnfoljende programma 'Bor Knok'. It wie te sjen op De Gordyk, Emmeloord, It Hearrenfean en 't Haske op De Jouwer.

Ronald Smink makket diel út fan de stand-up-comedygroep De Hyena's dy't de earste woansdeitejûn fan de moanne optrede yn jazzkafee De Spieghel yn Grins. Oare leden binne Anne Jan Toonstra, Gijs Nillessen en Pieter Jouke. Fierders is er ûnderdiel fan de Comedy Explosion fan it Comedy Theater yn Amsterdam.

Spyllist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2017 - Out of the box!
  • 2015 - Afkes Elfde, de geboorte van Grutte Pier
  • 2013 - 2015 - De opkomst van een terriër
  • 2011 - 2013 - Bonanza
  • 2009 - 2011 - Bor Knok

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: