Springe nei ynhâld

Romte (literatuer)

Ut Wikipedy

De romte yn in ferhaal kin in soad ynfloed ha op de ynterpretaasje. Der binne fjouwer soarten romtes:

  • De funksjonele romte: it plak fan de hanneling is fan grut belang foar it ferhaal. De romte hat in funksje. Bygelyks in horrorferhaal begjint op in ferlitten kastiel, by ljochtmoanne, wylst it reint en wjerljochtet.
  • De dekorative romte: de romte is net fan belang foar it ferhaal. De romte hat gjin funksje en is der allinnich foar dekoraasje.
  • De begeliedende romte of karakteristike romte: de romte stipet de hanneling fan de personaazjes. Bygelyks: in prinses gûlt omdat de prins har ferlitte moat en bûten reint it. It minne waar past goed by it fertriet fan de prinses.
  • De kontrastearjende romte: it plak fan de hanneling stiet yn kontrast mei de hanneling sels. Bygelyks: in prinses gûlt omdat de prins har ferlitte moat en bûten is it sinneskynwaar.