Romeinske Kuery
De Romeinske Kuery (Latyn: Curia Romana) is it bestjoersapparaat fan de paus en wurdt foarme troch de organen fan de Hillige Sit dy't de paus bysteane yn it ferfoljen fan syn taken as haad fan de Roomsk-Katolike Tsjerke.
It wurd Kuery is ôflaat fan it Latynske curia, dat ferwiist nei it plak dêr't yn de klassike âldheid de Romeinske senaat fergadere. Letter waard de term brûkt om it paleis fan de foarst oan te tsjutten en súntsjeswei ek foar it "foarstlike hûs", de hofhâlding dy’t de foarst bystie yn syn bestjoerstaak.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e midsiuwen wie der in striid tusken de macht fan de konsilys (konsiliarisme) en de hofhâlding fan 'e paus: de kuery. In wichtige ûntjouwing yn dizze machtsferhâldingen fûn plak yn 1059, doe't paus Nikolaas II de kardinalen it eksklusive rjocht joech om de paus te ferkiezen, wat de ynfloed fan 'e kuery oanmerklik fersterke.
Hoewol't paus Martinus V troch it Konsily fan Konstanz (1414-1418) keazen waard om út de striid tusken trije pausen te kommen, naam er gjin inkeld foech oan út hannen fan de kuery. Ek syn opfolger paus Eugenius IV ûntbûn yn sân hasten it Konsily fan Basel (yn 1433) doe't dat tefolle wjerstân bea. Yn 1588 begûn paus Sikstus V de kuery in nije struktuer te jaan troch de konsistoarjes om te foarmjen ta kongregaasjes, elk mei spesifike foegen.
Yn 1870, nei de dogmatisearring fan de pauslike ûnfeilberens by it Earste Fatikaansk Konsily, waard de autoriteit en it berik fan de kuery fierder fergrutte om de paus te stypjen yn syn bestjoer oer de tsjerke.
Mei it Motu proprio Integrae servandae fan 7 desimber 1965 joech paus Paulus VI nije statuten oan it Hillich Offisje, dat sûnt Kongregaasje foar de lear fan it leauwe hiet. De apostolyske konstitúsje Regimini Ecclesiae Universae fan dizze paus fan 15 augustus 1967 befette in folsleine reorganisaasje fan de kuery en wurdt sjoen as de grûnwet fan de Hillige Sit. It tal kongregaasjes waard beheind ta maksimaal tsien en in protte feroaren fan namme. Der kamen rieden en sekretariaten by en ek it foech fan it steatssekretariaat waard yngreven feroare.
Mei de apostolyske konstitúsje Pastor Bonus fan 28 juny 1988 fierde paus Jehannes Paulus II in nije herfoarming fan de kuery troch, dy't temjitte kaam oan de nije noaden fan in sterk ynternasjonalisearre Tsjerke. De apostolyske konstitúsje Episcopalis Communio waard yn 2018 útfurdige troch paus Fransiskus. Dy konstitúsje fersterke de rol fan de biskopssynoade.
Paus Fransiskus kundige op 5 juny 2022 in nije apostolyske konstitúsje ôf, Praediate Evangelium. Alle kongregaasjes en pauslike rieden waarden opheft; harren taakgebieten waarden opnommen yn de nij ynstelde dikasteryen. De lieding dêrfan waard iepensteld foar leken, en dêrmei foar froulju.
Under it bewâld fan paus Fransiskus naam it tal froulju ta dat in bestjoerlike funksje yn de Kuery beset. Op 6 jannewaris 2025 beneamde Franciscus foar it earst in frou oan it haad fan in departemint en dêrmei ta lid fan de Kuery: suster Simona Brambilla.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|