Romeinsk Keninkryk

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Rome yn 753 f.Kr.

It Romeinsk Keninkryk wie fan 753 f.Kr. oant 509 f.Kr. in lytse stedssteat om de stêd Rome hinne en de foarrinner fan it Romeinske Ryk. Wat der witten is oer de keningstiid is hast hielendal basearre op leginden. Yn dat tiidrek waarden de Romeinen regearre troch keningen; earst Romeinske, dêrnei ek Sabynske en úteinlik Etruskische keningen. It wie dien mei it keninkryk yn 509 f.Kr. doe't ealjeman Lucius Iunius Brutus de lêste kening fuortjage en de Romeinske Republyk stichte.