Springe nei ynhâld

Romancero Gitano

Ut Wikipedy
titelside fan Romancero Gitano.

Romancero Gitano (Spaansk, "Sigeunerballade") is in dichtbondel fan de Spaanske skriuwer Federico García Lorca út 1928, útjûn troch Revista de Occidente yn Madrid. De skriuwer woeks op yn Andalusje, wat dúdlik weromkomt yn syn wurk.

Romancero Gitano is in tige stylisearre imitaasje fan 'e ballades en gedichten dy't noch altyd ferteld waarden op it Spaanske plattelân. It boek brocht him bekendheid yn hiel Spanje en de Spaanske wrâld; earst folle letter yn syn libben krige er bekendheid as toanielskriuwer.

De rest fan syn libben soe de skriuwer sykje nei de eleminten fan 'e Andalusyske kultuer, en besykje de essinsje dêrfan te finen sûnder syn taflecht te nimmen ta it "pittoreske" of it klisjeemjittige gebrûk fan "lokale kleur".

De bondel omfiemet achttjin gedichten mei ûnderwerpen lykas de nacht, de dea, de loft en de moanne. De gedichten reitsje it hert fan Andalusje, mar de skriuwer beskriuwt it lân net streekrjocht; yn stee dêrfan brûkt er de sigeuners om it gebiet te ferbyldzjen.

Romancero Gitano wie yn 1928 daalks in sukses; yn 1999 waard it opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: