Rogvolod

Ut Wikipedy
Rogvolod op in Wyt-Russyske postsegel

Rogvolod (Aldrussysk: Рогъволодъ, Russysk: Рогволод,; Wyt-Russysk: Рагвалод, Rahvalod) libbe fan 920 oant 978 en is de earste foarst fan Polotsk dy't by namme yn 'e kroniken neamd wurdt.

Yn de Nestorkronyk wurdt er Rogvolod (Рогъволодъ) neamd, itjinge nei alle gedachten de Russyske fariant fan de Aldnoarske namme Ragnvald is. Hy wie ôfkomstich 'fan 'e oare kant fan 'e see', dat sizze wol út Skandinaavje of it súdlike Eastseegebiet en sette him healwei de 10e iuw nei wenjen yn Polotsk.

Neffens de Nestorkronyk frege Vladimir de Grutte yn 980 om syn dochter Rodneda te trouwen, mar hja wegere. Dat wie Vladimir min nei't sin; hy foel Polotsk oan en fermoarde Rogvolod om dêrnei Rogneda mei geweld ta syn frou te nimmen. In oare kronyk neamde as reden dat Polotsk tsjin Novgorod fochten hie. Vladimir hie earder Novgorod op syn healbroer Jaropolk oermastere en Rogvolod hie mooglik Jaropolk helpe wollen.

In krekte datearing fan al wat barde is net wis. De 11e-iuwske muonts Jakov Tsjernopizetsj neamde as stjerdei fan Rogvolod 11 juny 978. De Nestorkronyk datearret de dea fan de soannen fan Rogvolod yn it jier 977. Jaroslav de Wize soe om 978 berne wêze.

Neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rogneda wie de mem fan Jaroslav de Wize. Syn neiteam hearske oer it Grutfoarstedom Kiëv oant yn de 13e iuw.
  • Twa soannen fan Rogvolod waarden troch Vladimir yn Polotsk fermoarde.
  • Isjaslav, de soan fan Rogneda en de pakesizzer fan Rovolod, wie wer foarst fan Polotsk.

Dy syn neiteam heasken as Rogvoloditsjen yn Polotsk oant yn de 12e iuw.

Yn 1019 focht Ragnvald Ulfsson, in jarl út Västergötland, om Polotsk. Mooglik makke er mei syn striid as sibbe fan Rogvolod oanspraak op de troan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de: Rogvolod